Jolt Protter syn Ljouwerter krante

 

De kûgel is troch de tsjerke, sei de presintatrise fan de Omrop. Utjouwer Siebe Annema die út de doeken wêrom't de Leeuwarder Courant, sinds 1752, it kommende jier moarns ferskine sil.

Ik wit net wat jim der fan fine. It sil grif goed ûndersocht wêze, en de foars en tsjins sille ôfweage wêze, mar ik fyn it spitich.
Yn de sawat 44 jier dat ik der bin, wie it in fêst ankerpunt fan alle dagen. Middeis tusken trije en fjouwer oere. Doe't ik in jier as tsien wie, wist ik it al. Jolt Protter kaam op syn brommer, die in greep yn de fytstas en treau de LC yn de bus. 'Wolst de krante efkes helje?' Ik hear it heit of mem noch sizzen.
Doe lies ik him amper, dat kaam letter pas. Mar dat er om dy tiid hinne besoarge waard, wie wis. Sterker, as er in kear net op tiid wie, hienen je suver it smoar yn.

No lêze wy de krante digitaal, dus it lûd fan troch de bus smiten is der net mear by. Mar it idee is itselde bleaun. As ik it oan tiid ha, sit ik trije oere stipt foar it skerm om de krante te lêzen. Moarns krante lêze dienen minsken dy't de Telegraaf krigen. Wy net.

En ik fyn it ek skande om in oare reden. It nijs is jûns yn al syn foarmen op tv en radio. In moarnskrante is wat my oanbelanget moster foar it iten, en dat smakket likemin as moster nei it iten. Nochris, der sil oer neitocht wêze, mar de saken dy't moarnsier oan de oarder binne as primeur yn de middeiskrante bringe, is der net mear by. En dat fyn ik no it sterke punt fan in middeiskrante.

Boppedat, wat moat ik no ûnder melken? Kofje en de krante, ferdikke. It fielt of seaget Siebe my de poaten ûnder de stoel wei. Tritich jier tradysje nei de soademiter, achtsje dat net te licht. En om efkes tige gemien te dwaan: Ik ha it moarns net oan tiid om te krantelêzen, dan gean ik oan it wurk. En ik kin net sa as guon op it wurk wol kinne, de krante lêze wylst ik oan it meanen of deagraven bin. Dus komt it der op del dat ik middeis âld nijs sit te lêzen.

Mij niet zijn heel erg blij.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn