Ik bin in ezel

It wie wer feest hjoed. Wolle je moarns efkes sjen wat der yn de mailboks sit, ik ferwachte in wichtich berjocht, komt de komputer net fierder as de melding: 'verbinding maken'.

No, dan kinne jo my wol rjochtút stekke. Ynearsten geane je fan in rampsenario út, it sil wol oan myn komputer lizze. No bin ik dêr net in held yn, mar foarsafier't ik der dan ferstân fan ha, de ynstellings bydel. Neat te finen. Yntiids in kear as fyftich besocht om UPCmail te iepenjen, mar de postboade joech net thús. De sfear wurdt der dan echt net better op. As je ferstannich binne, geane jo gewoan oan it wurk en sjogge letter op de dei wer in kear.
Ik net. Ik bin sa dwers as in baarch. Ik belje nei UPC. 'U bent in het hoofdmenu. Voor storingen toetst u een twee.'
Toets.

Eins witte je dan al wat de dame dan sizze sil. 'Al onze medewerkers zijn in gesprek. Wij trachten u zo spoedig mogelijk te helpen.' It is in foarm fan masogisme om nei ynstellings lykas KPN, Prorail en UPC te beljen.

Hjoed wie it hielendal bal by UPC, 'De wachttijd is meer dan 30 minuten.' Nim dan mear folk oan, tink ik dan, mar hawar.
In oere letter nochris besykje. 'Er zijn op dit moment problemen met UPCmail. Wij trachten dit zo spoedig mogelijk te verhelpen.' Moai, dan leit it net oan myn komputer, dy't op dat stuit al twa scans en in 'systeemherstel naar een eerdere toestand' te ferwurkjen krigen hie. Ien doar fierder stiet in foarhammer yn de skuorre, ik moat my dan echt ynhâlde. Mar jo lizze jo der bydel dat jo gjin post te sjen krije. Ho, efkes neitinke, De Jong. Hoe dogge wy dat op fakânsje ek al wer? De laptop oanslingere en fia Webmail ris besykje. Neat mis mei. Koe alles besjen. Wat in drama. Tink dan earder nei, ezel.   

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen