Meitinke of jammerje?

De Moanne fan it Fryske boek is hast wer om. Moarn yn Warkum noch in oantal saken, jim kinne der fergees hinne.

It kadoboek is útferkocht. Dat wol sizze dat de oplage fan 3500 stiks, nei't ik mien, fuortjûn is oan minsken dy't foar € 10.00 oan Fryske boeken kocht ha. Dat is net ferkeard. Hoe't dat ferline jier wie wit ik net, mar it liket oft de formule fan de Moanne fan it Fryske boek sa't dy no in jier as wat hantearre wurdt, stadich oan begjint te slaan. Der sille grif saken wêze dy't oars kinne en moatte, mar dat it kadoboek foardat de boekemerk aanst los giet al net mear te krijen is, seit wol wat.

Juster wie der wat te rêden yn Tresoar. Jim sille der grif wat oer lêzen ha, dy ferslaggen doch ik net oer. Wol die my yn in koart neipetearke mei de deputearre bliken, dat se neffens my net fan doel is om de haadlinen fan it nije belied los te litten. Mocht dat sa wêze, wie juster yndie de lêste útrikking fan de Obe en de Fedde yn dizze foarm.

En dan? Hoe dan fierder? Hingje bliuwe yn jammerjen en lekskoaie, it mêd dêr't de Fryske skriuwerij har altyd tige noflik by fielt? Nee, blinder! Mocht de polityk beslute dat se it oars ha wolle, sille de skriuwers yn dat proses meitinke moatte. Dat wurket folle produktiver as eamelje en negatyf yn 'e kont hingje. Dat is de maklikste wei.

Der sille prizen bliuwe, miskien ferfalle der guon, mar dan moatte der nije bykomme. De útjouwers ha gjin jild, hear ik as klacht. Dat mei sa wêze, mar der is wol jild. De trúk is om minsken te finen dy't harren namme oan in priis ferbine wolle. En dat wurket allinnich as se fiele dat der skriuwers binne dy't foarút wolle. Jammerjende, jittikmigende en yn it ferline hingjende figueren? As ik in berch jild ha soe, woe ik dêr ek net mei op de foto.
Yn de pear kear dat ik dizze moanne in program mei Jaap broch ha, wie de leeftiid fan de besikers wer in jier âlder as ferline jier. Op dizze wize trochgean hat gjin inkel doel. Der sil wat barre moatte om 'jongere' lêzers te krijen. Ja, miskien is it oersetten fan boeken dêr wichtich yn. Ja, in nije skriuwer dy't jongfolk oansprekt is dat ek.

Wy moatte foarút. As jimme teminsten fine dat it Frysk dat wurdich is. Jammerje dogge jim mar as de lêste Fryske lêzer de holle dellein hat.  

Reacties

  1. Hingjen bliuwe yn jammerjen en lekskoaie? Wa wiene der dan oan it jammerjen en lekskoaien?

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn