Led Zeppelin sûnder manlik wjirmfoarmich oanhingsel
Omdat ik it tasein hie, in besprek fan in boek. Der sil dochs ien it dwaan moatte, de Omrop, no ja, lit ik dêr mar net tefolle oer sizze.
Op internet kaam ik it berjocht tsjin dat der in biografy útkaam wie. No bin ik net sa fan de bio's, mar dizze moast ik perfoarst ha. Kicking and Dreaming hjit it boek. A story of Heart.
Al sa'n 30 jier bin ik in grutte oanhinger fan de Amerikaansk/Kanadeeske band Heart. Foarme om de suskes Ann en Nancy Wilson hinne. Ann, berne yn San Diego, wie de twadde dochter, Nancy, dy't yn San Francisco op de wrâld kaam, wie de Benjamin. Harren âldere sus hjit Lynn.
Harren heit siet by de marine, en reizge de hiele wrâld oer yn tsjinst fan de stars and stripes. Dat hie as gefolch, dat mem en de bern op wol tritich (!) plakken wenne ha. Ien fan de gebrûken wie dat as der wer ferhuze wurde moast, alle famyljeleden as ôfskie harren fuotten fagen op de matte, om dêrnei de doar fan it âlde hûs efter harren ticht te lûken. Dizze running gag komt it hiele boek werom.
We ha it oer de ein fan de 60er jierren, en dy sfear wurdt treflik beskreaun troch de biograaf, Charles R. Cross.
In heit dy't skansearre út it leger komt, in mem dy't út alle macht besiket de hûshâlding byelkoar te hâlden. As heit 'in his cups' wie, betsjutte dat yn hûstaal dat er it wer op in sûpen setten hie. Ut ûnmacht, de bylden út Korea en oare plakken dêr't er sitten hie, draaiden as in film foar syn eagen del, en dy film wie 18+.
Der siet fjouwer jier tusken Ann en Nancy, Ann kaam earder mei muzyk yn oanrekking. It tradysjonele koar fan tsjerke ferliet se op wei nei oare idealen. En dan giet it hurd. Trijekwart fan it boek lêst as in stoomtrein. En jout in moai oersjoch fan de begjinjierren fan de band Heart, dy't faak omskrean is as Led Zeppelin sûnder manlik wjirmfoarmich oanhingsel. Seks, mislearre relaasjes binnen de band, alles komt foarby, en it ferfeelt gjin tel. As Nancy ek bandlid wurden is, ha de susters in dûbelrelaasje mei de bruorren Fisher. Micheal en Roger. Manager en gitaarspiler. Beide sterk seksueel rjochte 'Alfa mannen' sa't it yn it boek omskreaun stiet. Dat rint stikken, sa't der in soad stikken rint. Alles eins, behalve de izersterke bining tusken de beide suskes.
Ann Wilson fjochtet har hiele libben tsjin oergewicht, Nancy tsjin har ûnfruchtber wêzen. Beide wurde úteinlik mem, troch bern oan te nimmen. Dy gean mei 'on the road', wat foar de bandleden net altyd like maklik is, omdat dy de bus wolris brûke wolle foar in yntym intermezzo mei in gleie froulike fan. Sa ûtstean nije friksjes, mei nije bandleden as gefolch.
Twa froulju yn Rock and Roll stiet garant foar in soad steriotipe foaroardielen. Foaral yn it djippe suden fan de USA wurde se yn de begjinjierren faak as playmates besjoen. Dat der út dy boarsten ek noch in knap lûd komt, docht der net folle ta. Dat gefjocht ha de dames op punten mear as wûn, se ha it gros fan de bands oerlibbe. As de bruorren Van Halen in kear mei Ann en Nancy Wilson yn deselde klaaikeamer sitte, moat neffens Eddy de kâns net foarbygean om twa Wilsons en twa Van Halens yn ien grut bêd te krijen. De suskes wegerje.
Drugs is is in trochgeand tema. As jonge, argeleaze hippies is stuff al gau like gewoan as in bakje kofje. As mem en heit it merke, seit mem de wurden: 'Omdat wy it jim dochs net ferbiede kinne, besykje we sels ek mar wat it foar ús docht.'
Drank en drugs binne yn de afterparty's rom foarhannen. De skriuwer beskriuwt it basaal, jo meie sels de ellinde der by betinke dy't jierren efterelkoar mei deselde minsken yn in beheinde omjouwing opsmyt. Drugs en drank as útlitklep, om efkes út 'the zone' te stappen.
As it lichem de oerdaad oan party's en drugs net mear oan kin, komt it lêste part fan it boek. No boppe de 50 krijt Ann in bân om de mage en falt 30 kilo ôf. Nancy brekt nei 27 jier mei har man Cameron Crowe, dy't it skrypt skreau foar de film Vanilla Sky, mei Tom Cruise yn de haadrol. Ann wurdt beppe.
Noch altyd is Heart on tour, Ann har rockstim kin noch altyd mei de bêsten mei, Nancy spilet no lead gitaar.
Echt in oanrieder, dit boek. Twa froulike pioniers yn de wrâld fan de rock and roll, it Noardwesten fan de USA en it Súdwesten fan Kanada (Seattle en Vancouver) as plak dêr't it begûn. Bands as Pearl Jam en Sir Elton John neame Heart as foarbyld en binne der wei fan. Ik ek.

Reacties
Een reactie posten