De boekeklup fan Bro De Vries

Buro de Vries, in programma by Omrop Fryslân, sneins tusken 11 en 1 moarns, hat de beakens wat fersetten.

Foar de echte trochsetters kwa Frysk proaza wie der altyd de boekeklup, ien kear yn de moanne, op de lêste snein, besprutsen fjouwer minsken ûnder lieding fan Karen Bies in boek. Nederlânsk of Frysk.
No ha ik begrepen dat omdat Karen nei de TV oerstapt is en dêr tige goed Hjoed presintearret, der in grut swart gat yn Omroplân fallen is. En dat, omdat Karen net mear oer de boeken kediist, de Omrop út  presintators fan in boekeklup rûn is. No liket my dat wat koart troch de bocht, mar in oare reden skynt de sinteraasje te wêzen. Correct me if I'm wrong.

De boekeklup is ter ziele. Yn de nije opset sil in oantal oare minsken (kultuersnuvers, sa't it op de side fan de Omrop stiet) nei foarstellings en tentoanstellings ta. Ek sille se ien kear yn de safolle wiken in boek besprekke.
As se dat no ien kear yn de fjouwer wiken dogge, bliuwt alles by it âlde. Allinnich mei oare minsken. Wy wachtsje ôf.

Updeet:
Alle gekheid op in stokje, ien kear yn de moanne? Dan soe it wêze kinne dat der noch mar ien as twa boeken yn it jier besprutsen wurde? Lês ik it dan goed?


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn