Flokke en raze helpt net.

Goeie! Ik sil jim efkes meigenietsje litte fan de earmoed fan de nije tiid. Stel: jo binne it tillefoannûmer fan in kollega kwyt. En dy kollega wurket by de onvolprezen gemeente Smellingerlân, sis mar net Drachten. Wat dogge jo dan? Jo belje efkes nei it gemeentehûs, om dat nûmer te freegjen, fan de man dy't jo al jierren kenne. Dan krije jo dus dit petear.

0512-581234: toet... toet...
'Gemeente Smallingerland...'
'Ja, jo prate mei De Jong. Ik woe graach it tillefoannûmer fan ... efkes ha, ik bin it kwyt.'
'Meneer De Jong?'
'Ja, dat sei ik.'
'Eh, ik kan  u niet het rechtstreekse nummer van ... geven, maar ik wil u wel even met hem doorverbinden.'
'Prima, ju. Doch dat dan mar.'
(gjin goeie, of wat dan ek.)
Toet... toet... toet... (healwei tsienen, ferkearde plenning, kofje en dan nimme jo de tillefoan net mei, der koe ris ien belje, no?)
Toet... toet... Dit is de voicemail van 06-........

Ik hie myn bloknote al klear lein, koe ik moai it nûmer meiskriuwe. It is om út jo fel te springen, dy eangstkultuer fan hjoed-de-dei. Rink soe wol sein ha: der komt nochris in klap op. Flokke en raze helpt yndie net.

Soms, bêste minsken, soms...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen