Louis G. le Roy



In mearke.

Komt in man út Wynjewâld thús. Stapt de keuken yn. 'No moatst ris hearre. Ried ik niis troch it Feen...' 
Frou ûnderbrekt him wreed. 'Dat paad is noch net klear, bûke!' 
'Nee, harkje no efkes, âlde taart, dêr woe ik it oer ha. Ik seach dêr in stripe wyldernis, mei ien as oar muorke, makke fan prachtige gieltsjes. Ik leau dat ik de auto mar in kear fol smyt mei dat guod. Past moai yn it paad, en út dy rotsoai dêr yn it Feen misse se in pear stiennen net.' 
'Wat is dat dan foar plak?' 
'Wit ik folle. In hiel ein oerwoud by in dyk del. Ik leau dat it de Kennedyleane is. Jo wolle der foar de wille net troch, wat in soadsje.' 
'En hoe komsto dêr dan?' 
'Ik moast pisje, en ik seach beammen. Wolst noch mear witte?' 
'Kinst net samar earne stienen weihelje dochs?´
‘No, de dwaas dy´t hjir dwaande west is, hat de beukerskoalle amper helle, tink ik. Ien grutte bult ellinde. Je sille der tsjinoer wenje, ik hie al lang in shovel besteld en regaat makke yn dy muk. Rottekleaster, oars is it net.’

En sa kaam it dat de man út Wynjewâld die wat er dien hat. De mienings oer it projekt fan Le Roy oan de presidint Kennedyleane op It Feen binne al salang’t ik der bin, tige ferdield. Op reis nei de legere lânbouskoalle bin ik der tig kear delkaam, sa no en dan seach ik immen mei in alpinopet op troch de struken hinne skarreljen. Louis G. le Roy (Amsterdam, 31 oktober 1924 – Oranjewâld, 15 juli 2012)

De iene ergert him bûnt en blau oan de stripe natuer, in oar fynt it prachtich. Oer smaak falt net te...


Reacties

  1. In 1985 bin ik 'n keer bij Le Roy en syn frou op besite weest in Oranjewoud. Hij het mij doe syn hele hús sien laten, ant de echtelike slaapkamer toe. 't Waar een hele hartlike en innimmende man, dy't daliks wél kort foor de kop worde at d'r wat waar dat 'm niet sinde. (Mar ja, hewwe wy ainst allegaar dut soort fan ôfwiking niet?)
    Louis le Roy waar syn tiid feer foorút. D'r komt ooit 'n tiid dat wy in dut lând tabak fan alle dichtbouwde weunwiken en sneldiken hewwe en snakke naar 'n stikky netuur. Late wy hope dat 't der dan nag is...

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Ik zag het op TV Fryslan, triest dat onze kunst en cultuur zelfs door lui uit de directe omgeving geroofd en vernield wordt. Zegt denk ik minder over de mensen, meer over de tijd.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn