God en de duvel
It is wat as je sa glei op it plús binne dat je oer alle skaden hinne stappe wolle.
Drs. ing. G. (Ger) Jaarsma fan de VVD en Martin Schellenberg fan de PvdA binne wakker op 't skik mei de plannen dy't se yn Den Haag betocht ha. Dat fertelden se op de Omrop. Fansels is it jaan en nimmen yn in gedrocht fan in kabinet mei de PvdA en de VVD, want God en de duvel sliepe leafst net njonken elkoar. Mar o, wat sil dat plús aanst lekker sitte.
Sa lang't it duorret, ja.
Ik wit wol, it maklik om oeral op ôf te jaan. En dat is ek moai en lekker en leuk. Mar frijwat goedkeap. Ik sil der ek daliks mei ophâlde, mar net neidat ik myn fernuvering útsprutsen ha oer de beide hearen.
Dit berjocht stie yn de Volkskrant fan hjoed:
Op de fraach oer it noardlik lânsdiel sei Jaarsma dat we hjir miskien wolris wat grutter tinke moatte. Sterke gemeenten (lês: fierder fan de boarger ôf, hielendal dôf foar arguminten fan de gewoane man) en Skylger Schellenberg neamde it ien fan de minder lokkige saken yn it potsje knikkerruiljen dat de Haagse hoofdpieten spile ha.
Net ien naam der ôfstân fan. Se binne dochs foaroanman fan de partij yn Fryslân? Of ha de hearen in dûbele aginda en sjogge se aanst kânsen yn it nije NET te foarmjen mini steatsje Noard Nederlân? Karriêretigers. Ik spui der op. Sis gewoan dat je mei de kont op it plús wolle, punt. Dan binne jim keardels.
Drs. ing. G. (Ger) Jaarsma fan de VVD en Martin Schellenberg fan de PvdA binne wakker op 't skik mei de plannen dy't se yn Den Haag betocht ha. Dat fertelden se op de Omrop. Fansels is it jaan en nimmen yn in gedrocht fan in kabinet mei de PvdA en de VVD, want God en de duvel sliepe leafst net njonken elkoar. Mar o, wat sil dat plús aanst lekker sitte.
Sa lang't it duorret, ja.
Ik wit wol, it maklik om oeral op ôf te jaan. En dat is ek moai en lekker en leuk. Mar frijwat goedkeap. Ik sil der ek daliks mei ophâlde, mar net neidat ik myn fernuvering útsprutsen ha oer de beide hearen.
Dit berjocht stie yn de Volkskrant fan hjoed:
De provincie Friesland zal 'onverkort vasthouden' aan haar
zelfstandigheid. Dat zegt het Friese College van Gedeputeerde Staten
vandaag in een reactie op de kabinetsplannen voor de vorming van vijf
landsdelen. Groningen, Drenthe en Friesland moeten in die plannen één
bestuurlijk geheel vormen.
Ook pleit Friesland ervoor om het platteland te ontzien als het gaat om
gemeentelijke herindeling. Het kabinet streeft naar gemeenten met
minstens 100.000 inwoners. Maar in dunbevolkte gebieden zouden die
minder groot mogen zijn, vindt het college. Friesland is al enige tijd
bezig met de herindeling. Op de fraach oer it noardlik lânsdiel sei Jaarsma dat we hjir miskien wolris wat grutter tinke moatte. Sterke gemeenten (lês: fierder fan de boarger ôf, hielendal dôf foar arguminten fan de gewoane man) en Skylger Schellenberg neamde it ien fan de minder lokkige saken yn it potsje knikkerruiljen dat de Haagse hoofdpieten spile ha.
Net ien naam der ôfstân fan. Se binne dochs foaroanman fan de partij yn Fryslân? Of ha de hearen in dûbele aginda en sjogge se aanst kânsen yn it nije NET te foarmjen mini steatsje Noard Nederlân? Karriêretigers. Ik spui der op. Sis gewoan dat je mei de kont op it plús wolle, punt. Dan binne jim keardels.
Reacties
Een reactie posten