Geitehok

'Master?'
'Ja, jonge, wat is der?'
'Hoe wurket polityk?'
'Wêrom fregest dat?'
'Ik wol in hok foar de geit timmerje, en heit seit dat je soks net samar dwaan meie. Dêr moatte jo in fergunning foar ha.'
'Aha. No, dat is te sizzen, sjoch, yn 'e regel wurket it sa. Do wolst in hok foar de geit meitsje, en do witst krekt hoe ast dat ha wolst. Of net?'
'Ja, it moat in moai hok wurde, mei in puntdak.'
'Krekt. No, dan moatst mei in tekening nei de gemeente gean en in hok mei in plat dak oanfreegje. Of noch better: gean der sûnder plannen en tekening hinne.'
'Dat snap ik net.'
'Nee, dat is ek dreech út te lizzen. Sjoch, ast de man dêrst mei praatst it idee joust dat er it sels betocht hat, spilest folle mear klear dan ast seist: ik wol in geitehok timmerje, en sa moat it der út sjen.'
'Master?'
'Ja, jonge, wat no wer?'
'Hoe wit master dat?'
'Jaaaaa... Dat is in lang ferhaal. Lit ik dit sizze, ik ha ek wolris in plan foar in geitehok hân.'
'Mar wy ha aanst rekkenjen en dêr fyn ik neat oan, kin master dan dat ferhaal net fertelle? Asjeblyft?' 
'Miskien moarn wol.'

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen