Links en rjochts Stadichoan begjin ik my mateleas te ergerjen oan it lân dêr’t wy yn wenje. It lân dêr’t wy alle dagen de foardielen fan in folsleine demokrasy fiere meie, yn relative frijheid. Dat relative kom ik daliks op werom. Sûnt de lêste twa ferkiezings wêryn’t de kiezer in helder antwurd jûn hat op wat se feroare ha wolle, yn alle tinkbere demokratyske frijheid fan it stimhokje, lit it lân him fan syn naarste kant sjen. It alâlde adagium fan it links en rjochts tinken en wêzen hat yn jierren net sa skerp west. Teminsten, dat wolle de politike brallers en razende media/kranten ús leauwe litte. Mar is dat wol sa? Ik bin nammentlik slim yn betizing. Dat wol ik graach mei in oantal foarbylden taljochtsje. Ik bin pasifist. Anty oarloch. Bin ik dan links of rjochts? Ik wol graach dat wy goede soarch ha en hâlde. Bin ik dan links of rjochts? Ik wol graach dat de âlderein net troch in robot, mar troch in persoan fersoarge wurdt. Bin ik dan links of rjochts?
Reacties
Een reactie posten