Eachkleppen

      

No't we dochs oer de tún prate, in lyts stikje nijs út de libbene natuer.

Is it jim ek opfallen dat der dit jier amper nútsjes oan de boekebeammen sitte? Ferline jier lei der in laach oan boekenútsjes oer de grûn, no hast gjinien. Ikels binne der ek hast net. De waarprofeten soenen dan sizze dat der in sêfte winter op komst is. Prommen, appels, morellen en parren, se ha allegearre skea hân.

It sil wol fan de swiere froast fan ôfrûne (lette) winter komme. Mar it kontrast mei oare jierren is grut. No sa. Dat woe ik efkes kwyt oan de minsken dy't mei eachkleppen op rinne. Sjoch ris om jo hinne. 

Reacties

  1. kloppet wol. Wy hiene dit jier ek mar mizerige apels. Ferline jier siet de beam grôtfol!

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn