Fleurich blochje!

 

Eins wie ik fan doel om hjir in freeslik negatyf stik te skriuwen oer de plannen dy't der binne om de ZZPers yn Nederlân ris flink troch de mangel te heljen. Mar dy eare gun ik de stumpers net. Nee, it wurdt in tige fleurich blochje!

Wat is it gefal: It giet min mei de klysters yn Europa. Der skynt in firus te wêzen dat mear as de helte fan de freonlike wjirmpikkers om hals bringe kin.

Hjir by ús op it hiem is der lokkich noch neat fan te fernimmen. Igor, ús reade boarre, sit alle dagen ferlekkere nei de swarte fûgeltsjes te sjen. Hy is te beroerd om der achteroan te gean, mar as er de geast krije soe, wie der genôch wyld om jacht op te meitsjen.

Op dit stuit binne der guon klysters midden de stoofparren. Soms wol fiif tagelyk. En se sjonge en fleane fleurich om, dus de hiemklyster hat hâlden en kearen om syn paadsje skjin te hâlden. Ik sil ynkoarten ris oan de beam skodzje, oars binne de parren op foardat wy se iten ha, en stoofparren is ien fan myn favorite snobberijen.

No, fleurich, net? Neat gjin geseur oer ZZPers. Hoech ik it ek net oer te hawwen, dy sukkels sitte aanst massaal yn de bystân as de plannen trochgean. Prachtich, dochs? Kin ik de hiele dei moai nei de klysters sjen. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn