De nacht fan de nacht

Hjoed giet de wintertiid yn. De kommersje hat dêr daliks in evenemint oan keppele: De nacht fan de nacht. No bin ik net fan doel om dêr oan mei te dwaan, ik fyn it noflik om in oerke ekstra te sliepen.

It skynt sa te wêzen dat jûn op in soad plakken de oerstallige ferljochting net baarne sil. En dêr is nochal wat fan. Yn it ramt fan de doarpsfernijing ha we hjir yn it doarp in oantal 'aksinten' krigen dy't jûns oant âlve oere yn de skynwerpers setten wurde. In beam bygelyks. Mei freeslik grien ljocht. As je der op ta ride, liket it oft de Hulk yn de gedaante fan in iik reynkarnearre, en yn Boarnburgum telâne kaam is. Ek baarne der ledlampkes op in steger yn de sleat by it ynkommen fan de beboude kom. Net dat der in boat oanlizze kin, der lizze in oantal dammen op wei nei de Ie dy't dat ûnmooglik meitsje. Ek de tsjerke stiet yn it ljocht. Dat binne wol goed keazen skynwerpers, moaie sêfte kleur. Mar is it nedich?

As je jûns nei It Feen ride, komme jo by it klaverblêd yn in bom fan ljochten út. Dat is rûnom by knipepunten it gefal. As dy lampen no om en om út wêze soenen, besparren jo de helte oan stroom en ik wol net leauwe dat it in soad útmakket om jo paad te finen. 

Stel dat der fan dy oerstallige lampen yn Fryslân nachts de helte net mear baarne soe, hoege der folle minder fan dy hege wynmûnen it lânskip te bedjerren. 
Mar dan fiele wy ús net mear feilich. Soe it sa wêze dat mei ien pitsje minder it oantal ynbraken mei de helte omheech giet? Tuskenbeide is ek romte, ik kin no bûtendoar de krante lêze yn in grut part fan de provinsje, sels as de sinne al lang ûnder gien is. Sa mâl hoecht it dochs net? 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn