Wy moatte der midden!



Dweiltrochwiet wurden fan 'e moarn. Hiel wat oars as juster, doe't Jaap en ik op 'e Lemmer wienen. Mei beide fuotsjes wer aardich op 'e flier, sis mar. Of eins yn in gat, mar dy is foar insiders.

Der kaam yn de byb in man op my ta mei De Lêste Trúk yn 'e hân. 'Ik sit mei in wurd yn 'e mage,' sei er.

'Dat moatte wy net ha,' sei ik werom. Hy sloech it boek iepen en liet my sjen wat er bedoelde.
Op side 24 stiet: 'Sa’t it no liket is se sels út it libben stapt, en dan hoech ik der net midden.'

'Wat bedoelst dêr mei?' frege de man yn de byb. 

Earne midden gean. Foar ús is dat in algemiene útdrukking. Stel dat de bern op in skoalleplein kreauwerij ha, dan soe ik sizze: 'Moatte wy der midden?' Mei oare wurden, moatte wy der wat oan dwaan, de saak oplosse, der mei oan it wurk gean, sokssawat. De man hie it noch nea earder sjoen yn in Fryske tekst. Dat soe sa wêze kinne, ik wit it net. Miskien dat de taalpuristen it wol of net mei it wurd op dat plak iens binne, eins bin ik dêr wol benijd nei. Is it in typysk allinnich yn dizze krite brûkt wurd, of ha jim it yn dizze konstruksje faker sjoen? Reaksjes wolkom.  

Reacties

  1. Ik moat der op't skoal plein ek wolris midden. It is dus gjin famyljetaal. Yn't Frysk wurdenboek stiet: "Der midden komme - tussenbeide komen"

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn