Armageddon yn Fryslân tichtby?

Fine jim it ek fan dat moaie waar? No, ik net. Freeslik, it is hast novimber en it swit rint my de hiele dei al by de rêch omheech. Niis seach ik in guozzeflecht rûntsjes draaien, dy bisten witte ek net wat se der oan ha. Ien fan de guozzen by my yn it lân waard niis trêde, it moat ferdikke net mâlder wurde!!! Aanst sit se mei de krystdagen op aaien.

In keppel kij lei breedút te wjerkôgjen yn it lân, guon hienen de holle yn it gers lein, sa noflik as brij. Dat moat net om dizze tiid fan it jier. Se hearre mei de rûne rêch tsjin de hurde wyn en it reinwetter yn, by de hikke te stean. 'Lângst nei de stâl' stie op ien fan de kaarten yn it Frysk boerekwartetspul. Dit is neat.

It sil dochs net safier komme dat der ein oktober âldere froulju sûnder hoazzen foarby fytse? Dan komt it armageddon hurd op ús ta.

Der is mar ien oplossing: Froast. Net te mâl, graadsje as fiif, moai stil waar en alles sal recht kom. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn