De Rink, de boargemaster en Diederik Samsom
Wer in prachtige dei hân, minsken. Twa kear ta de sek ta wiet, mar jo moatte der wat foar oer ha.
Plan de kampanje wie hjoed om mei de heechste klassen fan OBS de Finneblom nei it gemeentehûs. Foar de tiid noch efkes gau in post op Feestboek setten, dêroer aanst mear.
Moai, it reinde as de sykte, mar wy binne hjir yn de Wâlden net fan sâlt, dus der midden, heite. In kreaze blondine fan de ôfdieling kommunikaasje die it wurd, en der hong ek in riedslid yn de foar in riedslid karakteristike pose yn in stoel. Treflik.
Healwei de preek kaam ús nije boargemaster op it akwarium oanrinnen, en bleau efkes stean om te sjen hoefolle nij talint der yn de gemeente Smellingerlân, sis mar net Drachten, te bewûnderjen wie. Ik siet fansels op de efterste bank, dan kinne jo de boel oer sjen. Van Bekkum soe hast trochrinne, mar ik tsjutte dat er mar efkes syn plicht dwaan moast as boargerheit. 'Sizze jo ek wat, dat is krekt wat echter,' sa sawat. No, dat hat er dien. Klasse, hear. De dame fan kommunikaasje krige der in kleur fan, samar de Hoofdpiet yn de seal. Dy keardel mei dat bosk krollen doarde it oan en lûk de man de seal yn. Van Bekkum wie op syn plak, hy hie der aardichheid oan, dat koenen je sjen. Moai. Ha him noch efkes frege hoe't it mei de Rink siet, mar doe wie it krekt as seach er wetter baarnen, de man is noch net hielendal ynwurke, dat ferjou ik him graach.
Wer thús, dweiltrochwiet, seach dat der in rige reaksjes op myn Feestboekpost kaam wienen. De post wie: As ik no sis: Noardlik lânsdiel. Wat sizze jim dan? No, de minsken wienen tige ienriedich. Sels Lutz Jacobi wol dat Fryslân Fryslân bliuwt. Dus hat ús Diederik al wat út te lizzen as er dizze dramatyske ellinde trochsette wol. Earne oars lies ik dat it dan wolris mâl gean kin. De randstedelingen ha grif net troch hoe't it hjir mei de sentiminten sit. It is ek in klere-ein fuort, dat nearzige Fryslân.

Reacties
Een reactie posten