Spikerhurd Bombats: 'Hee, beppe!!!'
Juster in bjusterbaarlike bak herrie oer ús hinne krigen.
Spikerhurd Bombats stie op de poster, trije frijwat hurde bands yn it doarpshûs. Haadact wie Mother of Sin, mei in broer fan ús buorman as foaroanman.
Ik sil daliks mar sizze dat it net hielendal myn muzyk is, mar it wie tige gesellich. Teminsten, neidat ik in pear stikken skytpapier yn de earen treaun hie. De PA stie in pear desibels te hurd nei myn sizzen. Spikerhurd, ja. Ik wit noch dat ik in kear nei The Cure west ha, yn Thialf. In wike lang piipjende earen hie ik no gjin nocht oan.
De earste band kaam út Grins. Best aardich, mar ien fan de harkers sei: 'It is best oan te hearren, mar kin dy hûn ek ophâlde mei blaffen?' Dat wie dus de sjonger. Goed, jo moatte it opbouwe, dus it wachtsjen wie op de twadde formaasje.
Russian Cocaine, in mjuks fan Dútsers út Hannover mei in Fryske sjonger, famylje fan ús efterbuorlju. Dit wie wat my oanbelanget de aardichste band fan de jûn. Snoeihurde rock, mei in soad wille spile. Mei ôfstân de moaiste opmerking fan de jûn kaam fan de Fryske sjonger, Jehannes: 'Hee, beppe, is it net te lûd!?' Beppe en pake wienen der ek, dat sadwaande. Kostlik. Ik leau dat se beide de gehoarapparaten út setten hienen. Mar se wienen der. Grote klasse. Ek dik ynoarder wie de organisaasje. Kin wolris wer.

Reacties
Een reactie posten