Cornelis van der Wal en Auke de Witte
Dat wie dan wer de Moanne fan it Fryske boek 2012. 495 kilometer riden.
Hjoed wûn Cornelis van der Wal de sulveren twicht mei: 'Fisker smookt en skriuwt mei fingers fan reek/in antlit op de sakjende sinne/wolkens triuwe read ljocht/dea yn it wetter.' Lokwinske.
Yn de wedstriid fan de spannende filmkes wûn Auke de Witte en freonen mei It ein de priis. Stikem mei ik dêr ek in bytsje grutsk op wêze, want ik ha it ferhaal skreaun. Let foaral op de flitsende gastrol yn it filmke. Seis wurden. Ik ha der fjouwer wiken oer dien om dy der yn te krijen.

Oer it filmke: Spannend en hiel orizjineel. Dit hat de priis wol fertsjinne. Dat fynt Symen.
BeantwoordenVerwijderenDe earste kear dat ik dy yn beweging sjoch!! En mei lûd der by ek noch! Hast mear tekst dan ik ea solo yn It Iepenloftspul fan Jorwert hân ha! Mar ik ha dan wol wer in genoegen hân lange tiid mei Wiebe yn de tún te boartsjen. Dan mar gjin tekst. Is alwer 13 jier lyn, mar soks bliuwt je by!
BeantwoordenVerwijderenMoai filmscript Ferdinand!! Top! Ik wol mear!!