Rally-fiskje

Eltse krite hat sa syn eigenaardichheden. Yn de Achterhoek blaze se op midwinterhoorns, yn Seelân gean se trije kear op snein nei tsjerke, yn Brabân en Limburg sitte se geregeld yn it kafee. No ja, sels mar witte.

Us easterbuorlju ha ek in aparte gewoante. Hjoed wie yn it nijs dat se in pear Grinzers yn Burgum oppakt ha mei in pear tassen fol fisk. No soe dat op himsels noch wol kinne, mar dizzen kamen net út de winkel, mar wienen nei 'goed' Grinzer gebrûk troch de manlju sels út ien as oare sleat hengele.

Rally-fiskje. In echt staaltsje fan oer Grinzer macho gedrach. Jo smite in angeltsje út, fange in fisk en slaan dy dan hartstikkene dea. Of: noch leuker, jo tropje him libben yn in tas en hupsakee, de folgjende. As dy fisk no de maat hat om him lekker te stoven as bakken, kin ik der noch altyd ynkomme, mar sels skele posken ûntkomme net oan in bakstien op de harsens. En wat ha we dan in wille, net?

No ha ik as jongbaas in soad fiske, mar de lol yn dizze foarm fan domwei alles dea slaan ûntgiet my folslein. Jo kinne se mjitte, de lengtes opskriuwe en dan thús de saak optelle. De winner krijt in flesse fan dat bocht dat se dêr ek noch beerenburg doarre te neamen.

Rally-fiskje is sûnt 2010 ferbean. Lokkich mar. En dan noch wat: as dy Grinzers sa noadich op dy wize harren ûnmacht oangeande it neikommen fan humaan fiskje botfiere wolle: Fiskje asjeblyf it Van Starkenborg knoal leech, en lit de Fryske fisk swimme. Tige tank.

 



Twa ynwenners fan Grins binne woansdeitejûn yn Burgum oanhâlden mei twa tassen fol fisken. De plysje seach de mannen, fan 62 en 70 jier âld, by de jachthaven oan de Burgumerdaam. By it kontrolearjen fan de tassen die bliken dat de Grinzers mear as 250 fisken by har hiene, wêrfan't in grut part al dea wie. De mannen binne oppakt foar dieremishanneling en oertrêding fan de fiskerijwet. De fisken dy't noch yn libben wiene binne wer frij litten yn it wetter. De deade fisken binne nei Aqua Zoo yn Ljouwert brocht. (OF)

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn