Ik bin nijsgjirrich

Snein 19 septimber 2010 ha ik foar de earste kear wat op dizze bloch skreaun. Sûnt dy dei is der in lange rige oan wol of net nijsgjirrige berjochten folge. En binne de oantallen besikers omheech gien. Dat is prachtich, ik beskôgje dit as myn hobbyhoekje. Mar it smyt wol in oantal fragen by my op.

Ik bin nijsgjirrich. Wol alles witte. Dat is in hendikap, want dat kin net. Ik kom hast nea mei sifers oer oantallen en sa, dat is wat foar mysels. Mar dochs bin ik stikem wol benijd wa't dizze bloch lêst. Neat minsliks is my frjemd. Ja, ik kin miskien wol de helte fan de besikers foarsizze. Neist famylje en kunde noch wol in pear. Mar dy oaren?

Sa kin ik oan de statestiken sjen dat juster lêzers út de folgjende lannen by my op besite west ha:
Nederland
Belgie
Servie
Spanje
Korea
Verenigde Staten

Frankrijk

Duitsland

Denemarken

Verenigd Koninkrijk

Rusland

Zweden

It bliuwt apart dat minsken yn Kanada, Australie, Nij Seelân en oare plakken dêr't in soad Friezen hinne tôge binne, net op dy list steane. Moat mar ris oan Gryt Wiersma en lytse Teake freegje hoe't dat no wer moat. 

Mar it mist my net, der sille grif guon by sitte wêrfan't ik it net wit. Buorlju, âlde flammen (dat hâldt dus mei in pear op), eks kollega's, hotemetoten út polityk of keunst en kultuer en sa kin ik noch wol efkes trochgean. Ik sil it miskien nea witte. Of se moatte reagearje, fansels. Dat is ek in opsje op dizze bloch. Soe ik wol leuk fine.  

Reacties

  1. Besite út it bûtenlân is faak fan saneamde 'bots'. Lytse programmas fan Google en datsoarte bedriuwen dy't it hiele internet ôfstrune...

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn