Posts

Posts uit oktober, 2010 tonen

Fris.

Ea fan Verchojansk heard? Ik ek net, mar ik ha in núvere gewoante. It is sa dat ik hast alle dagen opsykje wat it kâldste plak op ierde is. Oare minsken ha in hûn, of meitsje har drok oer in ôffreding dy't neffens har te heech is. Ik lies dat de leegste stân fan de termometer yn ús lân ea mjitten -27.4 graden wie. Yn Winterswyk, it jier 1942. No, dêr laitsje se om yn Verchojansk. Niis wie it in mylde min 35, waar om yn in bloeske de dyk op. It is noch mar oktober, no? Nee, kom yn jannewaris mar wer, dan ha we it der nochris oer. Yn 1892 waard in frisse min 69.8 ûnder nul optekene, Sjoch, dan friest it hynste-iis. Neffens ien as oare deskundige wie der twa graden tefolle notearre, toe dan mar. Gemiddeldwei is it yn jannewaris -47 graden yn Verchojansk, in plak oan de rivier de Jana. Nachts komt der noch in graad as wat by. En simmers? Sa rûn de tritich graden, net faak, mar it komt foar. Dat is sa'n 80 graden ferskil, gjin wûnder dat dy Kozakken sa'n taai folkje wie.

Turk, Marokkaan en kroketten.

No't we it dochs oer allochtoanen ha: sa'n tweintich jier lyn barde it folgjende. Oan it begjin fan it libben as wurknimmer bedarje jo op de meast frjemde plakken. Sa ha ik in skoft by in grutte fetsmelter op It Hearrenfean wurke. Margarine ynpakke. Nei in skoft mocht ik ek op de heftruck om pallets it magazyn yn te bringen. Oerdei wie der net folle te rêden, nachts des te mear. Dan begûn it grutte kroketbakken, oant je der mislik en beroerd fan waarden. Oan de rinnende bân stie ik mei in jonge út Rabat, de haadstêd fan Marokko. Syn namme ha ik nea witten, troch it lawaai yn de hal ha ik, neidat er it trije kear sein hie mar knikt, sa fan ik ha it begrepen. Der stienen yn de regel fjouwer pallets, omdat der fjouwer soarten margarine tagelyk fabrisearre waarden. Wy hienen poatoan om it by te hâlden, mar de kroketten makken in soad goed. Hy spruts floeiend Nederlânsk en we hienen de grutste wille. Smoke as plysjes, wylst dat fansels strang ferbean wie. Op in nacht kaam der ien b

Slampampers.

Foardat ik it ferjit: in moade update. It is hjir al in skoft sa dat opslûpte knapen op de dyk ferskine mei de broek op healwei sânen. Dat om har ûnderguod sjen te litten, en de broek ophysje is wol sa gay hearde ik ien fan dy knapen sizzen. Sa as ik juster al sei binne wy nei de haadstêd west. Omdat we hjir altyd in skoft efteroan komme kin ik eltsenien gerêststelle, we ha it slimste hân. Al dy jonkjes dy't ik dêr rinnen seach: kreas de broek sa as wy dat ek dogge, strak om it gat dus. Komt der dochs mear fatsoen by dy kutmarokkanen en antilianen wei dan dat in soad minsken tinke, sy ha teminsten de broek netsjes oan. Kinne se hjir noch wat fan opstekke.

Spikerjaske.

Hjerstfakânsje, je dogge es wat. In dei nei de haadstêd. Nee, net nei Ljouwert, mar nei de poel fan ferdjêr yn Noard Hollân. Dêr't de reade lampen baarne. No wie it hjoed nochal tsjuster waar, dat it stie wol fleurich doe't we, it spoar in bytsje bjuster, samar oeral reade neonljochten skinen seagen. En fansels de hearlike lucht fan túnkrûden dy't út de gloppen wei waseme. It wie krekt of siet ik wer yn It Brúne Jaske yn Drachten, wêr't it efterste stik fan dy romrofte kroech krekt sa rûkte as Amsterdam op in wiete woansdei yn oktober. It doel wie it Anne Frank hûs, mar de rige foar de doar soarge derfoar dat we yn it ynpakte paleis op de Dam bedarren. No, dat ha we dus besjoen. Ik frege my ôf hoe't se dat eartiids yn de winter waarm krigen. Net, wie it logyske andert. Mei de kont foar in kachel, en as er waarm wie omdraaie, sa sil it gien wêze. O, ja. Foar de jeiers op knappe oanbiedingen: by de Bijenkorf lei in spikerjaske, bernemaatsje. Sa meinimme: € 294.00.

KGB?

It aardige oan sa'n bloch is dat je as skriuwer sjen kinne nei de statistiken dêrfan. Hoefolle kear is it besjoen en sa. Mar, je ha der ek in wrâldkaart by, en de lannen dêr't minsken op ien of oare link klikt ha wêrtroch se op dit bloch telâne kaam binne kleurje grien. Meastal is it inkel de spjeldekop Nederlân, mar hjoed wie hast de heale wrâld grien! Der is immen yn Ruslân dy't Frysk lêze kin. Of hy of sy hat de ferkearde side oanklikt, dêr wol ik ôf wêze. It makket wol nijsgjirrich. Wa kin it my fertelle? Komme der ynkoarten KGB mannen yn blyndearre auto's om my op te heljen, of is der immen op staazje yn bygelyks Novosibirsk?

Sluiskil, biljerte en rallyfiskje

Frjemde kop? Ja. Mar dat komt omdat ik striemin opsjitte koe mei myn learaar Bodemkunde. Dy hat der foar soarge dat ik gek bin op trijebannen. It griene lekken yn kafee Van Leer yn Drachten seach ik faker as skema's fan de opbou fan grûnlagen sadat je in produktyf stik greide krigen. Eartiids mocht ik graach fiskje, angeltsje, wjirmke, bearske, datsoarte wurk. Rallyfiskjen ha ik de lol nea fan ynsjoen. As in besetene fisk út de sleat wippe, ik ha sjoen dat se it dêrnei oer it skouder op de dyk smieten en de stomme bisten krepearje lieten. Ik sil it lânsdiel yn it midden litte wêr it folk weikaam dat hjir skynber in aardige dei mei hie. Juster wie ik der klear foar, Sluiskil. Witte jim wêr dat leit? Zeeuws Vlaanderen, in ein ûnder Terneuzen. It grutte trijebannen toernoai. Dat libbet dêr as it keatsen hjir, allinnich foar de doelgroep dus. As sfearympresje earst de dyk mar op om de ynwenners nei har gefoel oer de wedstriid te befreegjen. Ferhip! Dêr sitte in pear bûtendoar, yn de

Omrin, Frisia en de tallships.

Je moatte altyd yn kânsen tinke. Gejeuzel fansels, as ien dea ûnder in auto leit ha ik datsoarte profeten noch nea útlizzen sjoen hoe't dat yn sa'n gefal wurket. Mar yn Hârns, och it earme Hârns, ferskuord troch âld en nij sear en bestjoerd troch in rie dy't net hindere wurdt troch ienige foarm fan kennis, soe it wol opgean kinne! Lit dy beide hege hearen fan Omrin en Frisia in kear in bakje kofje meielkoar drinke, sjoch elkoar djip yn de eagen en sis: jonkje, ik pak dy earste twa ton, asto no de lêste twa dochst, ha we se hjir allegearre nochris moai by de poat. We pakke út mei in mânsk parseberjocht: OMRIN EN FRISIA REDDEN TALLSHIPRACE. Free publicity yn optima forma, en as it al net skaakmat is, dan seker wol pat, mar dat is yn Hârns in bekende stân by it skaken. 

British up to date.

Tsja, it wie wat in stoffich typke, mar sûnt juster net mear. Sherlock hat de nije tiid oandien. Ik moat earlik wêze dat er my op de BBC ûntkaam wie, ús nijmoadrige speurnoas. Mar, sa lang as it duorret, ha wy hjir de publike omrop noch. En foar de jittikmigers: ja, dy wurdt mei troch belestingsinten oerein hâlden, mar dat is better as dy razerij op dy oerstallige kommersjele blabzekanalen. Hjir ha je nochris in knappe detektivesearje, ynstee fan it fiif kear yn in tel oergean nei in oare sêne, omdat it oer de grutte plasse al lang net mear oer kwaliteit giet mar oer hoe kinne we de measte romte meitsje foar reklame. Foarbyld: de Rider Cup. Okee, gjin kost foar de gemiddelde Fries, mar ik siet troch in hearlike yllegale link nei it streekrjochte ferslach fan de wichtigste golfwedstriid op in Amerikaanske stjoerder te sjen. Amearika stie op ferlies, dat it wie foar de regisseur gjin inkel probleem om tidens de flecht fan in bal, slein troch in Europeaan, domwei oer te skeakeljen nei tos

Sinterklaas, DWDD, de avondspits en it húske.

Ha jim it ek sjoen? Sinterklaas op besite by menear van Nieuwkerk. Mathijs is neffens my oan in lange fakânsje ta. Sa skerp as er oare jierren wie is er al tiden net mear. En dan sinterklaas, och heden wat in beskamsume fertoaning. Op sa'n stuit binne je ûnwennich nei de Avondspits, it bêste radioprogramma ea makke. Op 5 desimber kaam, en dan ha ik oer de 1985 en de jierren dêrnei, steefêst de bêste man tusken seis en sân oere op de radio en makke der in hearlike rotsoai fan. Mar wol rotsoai mei ienich nivo. Juster wie it hielendal neat, Mathijs koe der neat mei wurde en frege op in stuit sels 'Hoe is het met je Michiel?' Dat dogge jo net. Ik hie ek wol sjoen dat it om Michiel Romeyn gie, ien fan de trije Jiskefetmannen. Nee, dat koe Frits Spits better, ik hie nea tocht dat ik nochris ûnwennich fan Robert ten Brink wêze soe, mar juster wie it safier. En no as de bliksum nei it húske, de achtste kear hjoed. Skiterij, net te súnich. 

Healjier.

Noch fjouwer moannen te gean, dan is it klear. Op dy datum stoppet it automatyske abonnemint fan in healjier op eredivisielive. Hoech ik my op snein net mear te ergerjen oan it waardeloaze spul fan myn klupke. Foarrich jier soe nea wer foarkomme, no, we binne aardich dwaande om it mei rinte oer te dwaan. As de fraach komt, en dy sil grif komme, wolle jo dat prachtige, handige, om koart te kriemen: dat hast ûnmisbere eredivisielive net hâlde? Nee. Ik wol in oare trainer.

Laminaat en ynspiraasje

It lei al in healjier te wachtsjen, mar ik seach der tsjinoan. Hjoed wie it safier, it moast mar heve. Nij laminaat yn plak fan it flierkleed, dêr't je sels op seagen as der in mich op skiten hie. Totale miskeap wie dat flierkleed, mar it stie wol moai. Donkerread wie it, mar op it plak fan de burostoel sieten allegearre tearen troch de tsjiltsjes. Hawar, alles fan it plak, de triedden fan de kompjûter los, it âlde spul derút en hupsakee, dellizze dy rommel! Nei in pear oeren siet it te plak. Buorman, dy't oeral ferstân fan hat, rette oan noch in plestik ûnderflier te heljen, oars is nei in moanne as wat it laminaat wer bedoarn troch de tsjillen fan de stoel. €60.00 lichter, mar dan ha je ek wat. No wit ik net oft it der wat mei te krijen hat, mar in nije omjouwing kin ynspirearjend wurkje. Ik ha yn dagen safolle net op papier krigen as hjoed. Miskien komt it ek wol omdat ik no sa lekker mei de stoel hinne en wer floepe kin. In lyts jonkje yn in boarterstún.

Topo

Oft ik de âldste wol efkes helpe woe mei topo. Fansels, mar dan moast dyn heit earst oerhearre. Der wie in tiid dat ik sels de steaten fan de USA mei har haadstêd út de holle wist. Lang lyn. Wat is it dizze kear? Afrika! Oeps... dat is lang lyn. In A4 mei stippen yn elts lân, 25 jier neidat master my dat op skoalle stampe liet: gean der mar oan stean. Luanda. O shit... haadstêd fan... kreak piip... yes! Angola! Harare. Makje! Rhodesie. Fout! Wat no fout? O, is ek sa, dat is Salisbury. Mar Harare is dochs fan... Zimbabwe, heit, hast it fout! Nee leave, heit is al hiel âld...

Efterkeammerkes.

Ik bin bang dat ik it andert op de fraach fan de hear Kramer oan DS wol wit. Hy frege oft it doel hie om mei alternativen te kommen, of dat it kolleezje de saken yn de efterkeammerkes al regele hie. No, Johannes, do wolst graach deputearre wurde, dan moast ek wol witte hoe oft it wurket. Dizze kofjedrinkerij hie mei in bakje nescafe wol ôfdien wurde kinnen. Galema hat yn tsien minuten seis stellings ponearre, folslein oertsjûge fan it eigen gelyk. Sterker noch, we wurde allegearre noch matst, as er werklik útpakt hie? Brrr, dan hienen we ús bergje moatten. Nee, we meie bliid wêze mei dit bestjoer. Alle grutte megalomane dyken en spoarlinen komme der as it oan dit kolleezje leit. Oar jier binne der ferkiezings, it ienichste poadium wêrop it publyk it ferskil meitsje kin. Dan bliuwe we dus allegearre thús. En mar seure.

Flak.

Muzyk is moai. Nee, dat sis ik net goed, muzyk kin moai wêze. It falt my op dat tsjinwurdich alles yn in twa, trije minuten pompt wurdt.Langer kinne de minsken de oandacht der net mear by hâlde, as se it al kinne. Ik ha in pear nûmmers opsocht wêrfan ik fyn dat der echt wat is om nei te harkjen. Wikseljende tempo's en yn it gefal fan Rufus Wainwright ek noch in tekst dy't opfalt. By Duncan Brown liket it nûmer nei 4.15 minuten dien, mar dan komt it moaiste noch, sjoch dat is leuk. Ik wit  it, as it om songteksten giet bin ik wat apart. Ik lústerje dernei. Foar de measte minsken is muzyk lûdsbehang, it is op de eftergrûn en wat de sjonger no útkreamt? It sil se in woarst wêze. Ik ha prachtige blonde famkes fan fiif seis jier dûnsjen sjoen op in tekst fan Lily Allan wêryn't se wiidweidich út de doeken docht hoe as sy seks hat mei immen. Dy oare koe der dêrom net folle fan, it is dan ek in protestliet. Dy famkes ha noch gjin Ingelsk hân op skoalle, mar sels al soenen se it fe

Duncan Browne Wild places

Rufus Wainwright - Going To A Town

Albertina, autobanen en stjonkfabryken

Niis lis ik troch Knillis syn link it webloch fan Albertina. Oer fjouwerbaansdyken nei krimpregio's. Oerstallich te sizzen dat se folslein gelyk hat, mar wat dogge we der dan oan?

Tomke.

Op 10-10-2010 mei Tomke op de foto! Nea tocht dat my dat nochris barre mocht. Sels bin ik mear fan de Fabeltjeskrant, mar meneer de Uil wie hjoed net yn Terherne, Tomke wol. Eins ha ik neat mei stripferhalen, al hoe moai as se ek tekene binne, it seit my neat. Sels de twa strips fan Rink, Foekje en Bokwert, ik ha se net lêzen. Sommige tekenfilms fûn ik dan wol wer aardich. The Flinstones, Skooby Doo en mear fan datsoarte flauwekul. Der wie ien dy't der útsprong, jim kenne it fêst noch wol: Captain Caaaaaaveemaaannn! It mantsje út de oertiid dy't in kearske yn de houten knots baarne liet as it tsjuster waard. Foar dyjinge dy't it net mear wit: sjoch hjir ûnder.

Captain Caveman Intro

Etiperen?

Tsja, dat tochten wy ek. Sitte we nei Pauw en Witteman te sjen, is der immen fan it Iepenbier ministearje dy't syn ferhaal docht. Samar, middenyn it petear falt in wurd. Ik sjoch nei de frou, 'Ha ik dat no goed ferstien?' Se knikt, we binne dus beide fan miening dat er sei 'geetipeerd zijn' Noch nea fan it bestean fan dat wurd op de hichte west. Dus opsykje, gjin fermelding yn fan Dale. It soe in ferbastering fan 'eet hij peren' wêze kinne, mar dat past net yn de kontekst fan it ferhaal fan de man fan it OM. No ha wy kunde yn de bêste fermiddens, dat ik weagje der in smske oan nei in befreone rjochter. Maklik as je dy yn de kontakten stean ha, no? Fannemoarn sjoch ik dat er reagearre hat, de bêste man hat op útstoering mist it program besjoen en is nei alle gedachten slap fan laitsjen west om myn wurdkar. Blykt it net geetipeerd west te hawwen, mar geequipeerd. Ja, dat feroaret de saak. Dy koe ik wol. Dat betsjut 'toegerust zijn', kapabel dus. Myn

Biblioteek en Caparis

Soms begryp ik saken net. De gemeente Opsterlân moat de hân op de knip hâlde. Op himsels neat mis mei, dat is hast sa as alle minsken dwaan moatte. Tagelyk hat Caparis wer in miljoen as wat te min, de krisis, no. Wat stiet der op priemmen: de biblioteek op de Sweach ticht! Sjoch, dan heakje ik ôf. As minsken lêze, is der in kâns dat se der wat fan opstekke. Dêrmei wurdt de kâns dus lytser dat se yn de wurkfoarsjenning bedarje, dat hat as foardiel dat de tekoarten net troch de gemeente ( lês: ús allegearre) oansúvere hoege te wurden. Dat is yn nijerwetske taal in: WIN WIN situaasje. No, yn Opsterlân hâlde se Caparis (terjochte) noch wol in skoft de hân boppe de holle, oer in jier as fyftjin is der in romme kar oan personiel. Smyt dy miljoenen mar yn it ferneamde kanaal, lêze komt neat gjin goeds fan.

Tiid te min.

Tiisdei. Sa'n dei wêrfan ast seist, ja, neat dus. Ik wie in healoere te betiid foar it iten, dat mar efkes oer de Feanhoop. In lyts laagje dize oer it fjild. By de slûs dêr't ea it polderhaadkanaal yn it Grietmansrak streamde de auto delsette en dan noflik sitte op de picknicktafel. Net in minske te sjen, gjin boatsjes, gjin losrinnende rothûnen. In pearke ieldûkers, in stik as wat reidhintsjes, guozzen op de Hegewarren. It tikjen fan de touwen tsjin de mêst fan in sylboatsje. Ferhip! Oer fiif minuten komme de bern thús. Gas!

Talk talk en de moaie tiid.

Oktober! Langere jûnen, earder tsjuster en blêden dy't fan de bosken in risseljend mearkelân meitsje. Minsken sjogge tsjin de lange winter oan, psychiaters wriuwe har yn de hannen. Dêr komt de sulverfloat! My sjogge se net. Ik lústerje nei Talk talk, its just tommorow started. Myn moaste tiid fan it jier komt no, de winter. Op google earth ha ik sjoen dat it yn Dikson, it Sibearyske plak oan de Karasee, begjinpunt fan myn Guozzeflecht, fannacht tsien graden frieze sil. Hjir koenen we noch bûten sitte, mar om melkerstiid hinne seach ik se kommen, de earste V-foarmen guozzen. Se binne der wer. Yn de simmer ha se har aaien útbret op de sompige Sibearyske flaktes, mar no komme se hjir eltse dei wer oer, gakjendenwei sykje om in farsk stik greide. Wolkom! De tiid fan skriuwen komt der wer oan. 

Talk Talk - TOMORROW STARTED - 1984

mmm...

On tour.

Dizze septimbermoanne sil ik fuort net ferjitte. Fjouwer kear mocht ik as debutant on tour mei Riek, Bertus en Anko. Yn Stiens, de Jouwer, Grou en Damwâld ha we yn de bibleteek besocht om de minsken in noflike jûn te besoargjen. Ik koe Riek en de mannen fan Ferbean net earder as dy sneontemoarn doe't se by my op de kofje kamen om te sjen hoe oft we ien en oar dwaan soenen. Se ha my der mei al har ûnderfining knap trochhinne skuord, tank dêrfoar! Ik ha der in soad fan opstutsen en fûn it juster, doe't ik troch de storein nei hûs ried, skande dat it alwer de leste kear wie, ik kaam der krekt wat yn! Hawar, moarn noch nei de boekemerk en dan mar wer skriuwe, miskien dat ik nochris op in paad mei.