KGB?
It aardige oan sa'n bloch is dat je as skriuwer sjen kinne nei de statistiken dêrfan. Hoefolle kear is it besjoen en sa. Mar, je ha der ek in wrâldkaart by, en de lannen dêr't minsken op ien of oare link klikt ha wêrtroch se op dit bloch telâne kaam binne kleurje grien. Meastal is it inkel de spjeldekop Nederlân, mar hjoed wie hast de heale wrâld grien! Der is immen yn Ruslân dy't Frysk lêze kin. Of hy of sy hat de ferkearde side oanklikt, dêr wol ik ôf wêze. It makket wol nijsgjirrich. Wa kin it my fertelle? Komme der ynkoarten KGB mannen yn blyndearre auto's om my op te heljen, of is der immen op staazje yn bygelyks Novosibirsk?
Reacties
Een reactie posten