Sluiskil, biljerte en rallyfiskje

Frjemde kop? Ja. Mar dat komt omdat ik striemin opsjitte koe mei myn learaar Bodemkunde. Dy hat der foar soarge dat ik gek bin op trijebannen. It griene lekken yn kafee Van Leer yn Drachten seach ik faker as skema's fan de opbou fan grûnlagen sadat je in produktyf stik greide krigen.
Eartiids mocht ik graach fiskje, angeltsje, wjirmke, bearske, datsoarte wurk. Rallyfiskjen ha ik de lol nea fan ynsjoen. As in besetene fisk út de sleat wippe, ik ha sjoen dat se it dêrnei oer it skouder op de dyk smieten en de stomme bisten krepearje lieten. Ik sil it lânsdiel yn it midden litte wêr it folk weikaam dat hjir skynber in aardige dei mei hie.
Juster wie ik der klear foar, Sluiskil. Witte jim wêr dat leit? Zeeuws Vlaanderen, in ein ûnder Terneuzen. It grutte trijebannen toernoai. Dat libbet dêr as it keatsen hjir, allinnich foar de doelgroep dus. As sfearympresje earst de dyk mar op om de ynwenners nei har gefoel oer de wedstriid te befreegjen. Ferhip! Dêr sitte in pear bûtendoar, yn de rein. 'Meneer, wat denkt u van het toernooi?'
'Wij komen hier nait weg, wij komen uit het hoge noorden!'
'Maar wat doet u hier dan helemaal?'
'Visn.'
'Wat zegt u?'
'Visn.'
Ik ha de televyzje útdien.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn