Flak.

Muzyk is moai. Nee, dat sis ik net goed, muzyk kin moai wêze. It falt my op dat tsjinwurdich alles yn in twa, trije minuten pompt wurdt.Langer kinne de minsken de oandacht der net mear by hâlde, as se it al kinne. Ik ha in pear nûmmers opsocht wêrfan ik fyn dat der echt wat is om nei te harkjen. Wikseljende tempo's en yn it gefal fan Rufus Wainwright ek noch in tekst dy't opfalt. By Duncan Brown liket it nûmer nei 4.15 minuten dien, mar dan komt it moaiste noch, sjoch dat is leuk.
Ik wit  it, as it om songteksten giet bin ik wat apart. Ik lústerje dernei. Foar de measte minsken is muzyk lûdsbehang, it is op de eftergrûn en wat de sjonger no útkreamt? It sil se in woarst wêze. Ik ha prachtige blonde famkes fan fiif seis jier dûnsjen sjoen op in tekst fan Lily Allan wêryn't se wiidweidich út de doeken docht hoe as sy seks hat mei immen. Dy oare koe der dêrom net folle fan, it is dan ek in protestliet. Dy famkes ha noch gjin Ingelsk hân op skoalle, mar sels al soenen se it ferstean kinne tink ik net dat de measten troch ha wat der no sein of songen wurdt. Yn dit gefal net slim, mar der binne ek teksten dy't it belústerjen mear as wurdich binne.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn