Biblioteek en Caparis

Soms begryp ik saken net. De gemeente Opsterlân moat de hân op de knip hâlde. Op himsels neat mis mei, dat is hast sa as alle minsken dwaan moatte. Tagelyk hat Caparis wer in miljoen as wat te min, de krisis, no. Wat stiet der op priemmen: de biblioteek op de Sweach ticht! Sjoch, dan heakje ik ôf.
As minsken lêze, is der in kâns dat se der wat fan opstekke. Dêrmei wurdt de kâns dus lytser dat se yn de wurkfoarsjenning bedarje, dat hat as foardiel dat de tekoarten net troch de gemeente ( lês: ús allegearre) oansúvere hoege te wurden. Dat is yn nijerwetske taal in: WIN WIN situaasje. No, yn Opsterlân hâlde se Caparis (terjochte) noch wol in skoft de hân boppe de holle, oer in jier as fyftjin is der in romme kar oan personiel. Smyt dy miljoenen mar yn it ferneamde kanaal, lêze komt neat gjin goeds fan.

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn