Talk talk en de moaie tiid.

Oktober! Langere jûnen, earder tsjuster en blêden dy't fan de bosken in risseljend mearkelân meitsje. Minsken sjogge tsjin de lange winter oan, psychiaters wriuwe har yn de hannen. Dêr komt de sulverfloat!

My sjogge se net. Ik lústerje nei Talk talk, its just tommorow started. Myn moaste tiid fan it jier komt no, de winter.

Op google earth ha ik sjoen dat it yn Dikson, it Sibearyske plak oan de Karasee, begjinpunt fan myn Guozzeflecht, fannacht tsien graden frieze sil. Hjir koenen we noch bûten sitte, mar om melkerstiid hinne seach ik se kommen, de earste V-foarmen guozzen. Se binne der wer. Yn de simmer ha se har aaien útbret op de sompige Sibearyske flaktes, mar no komme se hjir eltse dei wer oer, gakjendenwei sykje om in farsk stik greide. Wolkom! De tiid fan skriuwen komt der wer oan. 

Reacties

  1. Ja de guozzen binne wer werom op harren winterstee. En dat is it frjemde ik moat hieltyd tinke oan Guozzeflecht. Dyn boek, dat ik yn de simmer fekânsje yn it âlde Oast Dutske diel fan it nije Dutslân lêzen ha.
    Yn in echt "Vakwerk hûs" bouwt yn 1632, allinne doe stie dyt tsjerke dy't fan ôf seis oere moarns him elts kertier hearre liet der noch net.

    BeantwoordenVerwijderen

Een reactie posten

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn