British up to date.

Tsja, it wie wat in stoffich typke, mar sûnt juster net mear. Sherlock hat de nije tiid oandien. Ik moat earlik wêze dat er my op de BBC ûntkaam wie, ús nijmoadrige speurnoas. Mar, sa lang as it duorret, ha wy hjir de publike omrop noch. En foar de jittikmigers: ja, dy wurdt mei troch belestingsinten oerein hâlden, mar dat is better as dy razerij op dy oerstallige kommersjele blabzekanalen. Hjir ha je nochris in knappe detektivesearje, ynstee fan it fiif kear yn in tel oergean nei in oare sêne, omdat it oer de grutte plasse al lang net mear oer kwaliteit giet mar oer hoe kinne we de measte romte meitsje foar reklame. Foarbyld: de Rider Cup. Okee, gjin kost foar de gemiddelde Fries, mar ik siet troch in hearlike yllegale link nei it streekrjochte ferslach fan de wichtigste golfwedstriid op in Amerikaanske stjoerder te sjen. Amearika stie op ferlies, dat it wie foar de regisseur gjin inkel probleem om tidens de flecht fan in bal, slein troch in Europeaan, domwei oer te skeakeljen nei toskepoetsersguod.
Dy Britten, se kinne der wat fan. Sherlock en Dr. Watson, yn in oar tiidsrek, mar op sa'n wize dat je gjin tel werom woenen.
Kinne se hjir noch wat fan leare, de persiflaazje op René van der Gijp is better as de man sels.
De British binne mei Sherloch Holmes nije styl wer folslein up to date.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn