Etiperen?

Tsja, dat tochten wy ek. Sitte we nei Pauw en Witteman te sjen, is der immen fan it Iepenbier ministearje dy't syn ferhaal docht. Samar, middenyn it petear falt in wurd. Ik sjoch nei de frou, 'Ha ik dat no goed ferstien?'
Se knikt, we binne dus beide fan miening dat er sei 'geetipeerd zijn' Noch nea fan it bestean fan dat wurd op de hichte west. Dus opsykje, gjin fermelding yn fan Dale. It soe in ferbastering fan 'eet hij peren' wêze kinne, mar dat past net yn de kontekst fan it ferhaal fan de man fan it OM.
No ha wy kunde yn de bêste fermiddens, dat ik weagje der in smske oan nei in befreone rjochter. Maklik as je dy yn de kontakten stean ha, no? Fannemoarn sjoch ik dat er reagearre hat, de bêste man hat op útstoering mist it program besjoen en is nei alle gedachten slap fan laitsjen west om myn wurdkar. Blykt it net geetipeerd west te hawwen, mar geequipeerd. Ja, dat feroaret de saak. Dy koe ik wol. Dat betsjut 'toegerust zijn', kapabel dus.
Myn fertouwen yn de rjochters hat wer in oppoetsbeurt hân. Tank dêrfoar!

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn