Laminaat en ynspiraasje
It lei al in healjier te wachtsjen, mar ik seach der tsjinoan. Hjoed wie it safier, it moast mar heve. Nij laminaat yn plak fan it flierkleed, dêr't je sels op seagen as der in mich op skiten hie. Totale miskeap wie dat flierkleed, mar it stie wol moai. Donkerread wie it, mar op it plak fan de burostoel sieten allegearre tearen troch de tsjiltsjes. Hawar, alles fan it plak, de triedden fan de kompjûter los, it âlde spul derút en hupsakee, dellizze dy rommel! Nei in pear oeren siet it te plak. Buorman, dy't oeral ferstân fan hat, rette oan noch in plestik ûnderflier te heljen, oars is nei in moanne as wat it laminaat wer bedoarn troch de tsjillen fan de stoel. €60.00 lichter, mar dan ha je ek wat. No wit ik net oft it der wat mei te krijen hat, mar in nije omjouwing kin ynspirearjend wurkje. Ik ha yn dagen safolle net op papier krigen as hjoed. Miskien komt it ek wol omdat ik no sa lekker mei de stoel hinne en wer floepe kin. In lyts jonkje yn in boarterstún.
Reacties
Een reactie posten