Tiid te min.
Tiisdei. Sa'n dei wêrfan ast seist, ja, neat dus. Ik wie in healoere te betiid foar it iten, dat mar efkes oer de Feanhoop. In lyts laagje dize oer it fjild. By de slûs dêr't ea it polderhaadkanaal yn it Grietmansrak streamde de auto delsette en dan noflik sitte op de picknicktafel. Net in minske te sjen, gjin boatsjes, gjin losrinnende rothûnen. In pearke ieldûkers, in stik as wat reidhintsjes, guozzen op de Hegewarren. It tikjen fan de touwen tsjin de mêst fan in sylboatsje. Ferhip! Oer fiif minuten komme de bern thús. Gas!
Reacties
Een reactie posten