Spikerjaske.

Hjerstfakânsje, je dogge es wat. In dei nei de haadstêd. Nee, net nei Ljouwert, mar nei de poel fan ferdjêr yn Noard Hollân. Dêr't de reade lampen baarne. No wie it hjoed nochal tsjuster waar, dat it stie wol fleurich doe't we, it spoar in bytsje bjuster, samar oeral reade neonljochten skinen seagen. En fansels de hearlike lucht fan túnkrûden dy't út de gloppen wei waseme. It wie krekt of siet ik wer yn It Brúne Jaske yn Drachten, wêr't it efterste stik fan dy romrofte kroech krekt sa rûkte as Amsterdam op in wiete woansdei yn oktober.
It doel wie it Anne Frank hûs, mar de rige foar de doar soarge derfoar dat we yn it ynpakte paleis op de Dam bedarren. No, dat ha we dus besjoen. Ik frege my ôf hoe't se dat eartiids yn de winter waarm krigen. Net, wie it logyske andert. Mei de kont foar in kachel, en as er waarm wie omdraaie, sa sil it gien wêze.

O, ja. Foar de jeiers op knappe oanbiedingen: by de Bijenkorf lei in spikerjaske, bernemaatsje. Sa meinimme: € 294.00. Ik wit net of je der in taske bykrije. Hast fergees. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn