Topo

Oft ik de âldste wol efkes helpe woe mei topo. Fansels, mar dan moast dyn heit earst oerhearre. Der wie in tiid dat ik sels de steaten fan de USA mei har haadstêd út de holle wist. Lang lyn.
Wat is it dizze kear?
Afrika!
Oeps... dat is lang lyn. In A4 mei stippen yn elts lân, 25 jier neidat master my dat op skoalle stampe liet: gean der mar oan stean.
Luanda.
O shit... haadstêd fan... kreak piip... yes! Angola!
Harare.
Makje! Rhodesie.
Fout!
Wat no fout? O, is ek sa, dat is Salisbury. Mar Harare is dochs fan...
Zimbabwe, heit, hast it fout!
Nee leave, heit is al hiel âld...

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Links en rjochts

Referendum over de Lelylijn