Omrin, Frisia en de tallships.
Je moatte altyd yn kânsen tinke. Gejeuzel fansels, as ien dea ûnder in auto leit ha ik datsoarte profeten noch nea útlizzen sjoen hoe't dat yn sa'n gefal wurket. Mar yn Hârns, och it earme Hârns, ferskuord troch âld en nij sear en bestjoerd troch in rie dy't net hindere wurdt troch ienige foarm fan kennis, soe it wol opgean kinne! Lit dy beide hege hearen fan Omrin en Frisia in kear in bakje kofje meielkoar drinke, sjoch elkoar djip yn de eagen en sis: jonkje, ik pak dy earste twa ton, asto no de lêste twa dochst, ha we se hjir allegearre nochris moai by de poat. We pakke út mei in mânsk parseberjocht:
OMRIN EN FRISIA REDDEN TALLSHIPRACE.
Free publicity yn optima forma, en as it al net skaakmat is, dan seker wol pat, mar dat is yn Hârns in bekende stân by it skaken.
OMRIN EN FRISIA REDDEN TALLSHIPRACE.
Free publicity yn optima forma, en as it al net skaakmat is, dan seker wol pat, mar dat is yn Hârns in bekende stân by it skaken.
Reacties
Een reactie posten