On tour.
Dizze septimbermoanne sil ik fuort net ferjitte. Fjouwer kear mocht ik as debutant on tour mei Riek, Bertus en Anko. Yn Stiens, de Jouwer, Grou en Damwâld ha we yn de bibleteek besocht om de minsken in noflike jûn te besoargjen. Ik koe Riek en de mannen fan Ferbean net earder as dy sneontemoarn doe't se by my op de kofje kamen om te sjen hoe oft we ien en oar dwaan soenen. Se ha my der mei al har ûnderfining knap trochhinne skuord, tank dêrfoar! Ik ha der in soad fan opstutsen en fûn it juster, doe't ik troch de storein nei hûs ried, skande dat it alwer de leste kear wie, ik kaam der krekt wat yn!
Hawar, moarn noch nei de boekemerk en dan mar wer skriuwe, miskien dat ik nochris op in paad mei.
Hawar, moarn noch nei de boekemerk en dan mar wer skriuwe, miskien dat ik nochris op in paad mei.
Reacties
Een reactie posten