Fris.
Ea fan Verchojansk heard? Ik ek net, mar ik ha in núvere gewoante. It is sa dat ik hast alle dagen opsykje wat it kâldste plak op ierde is. Oare minsken ha in hûn, of meitsje har drok oer in ôffreding dy't neffens har te heech is.
Ik lies dat de leegste stân fan de termometer yn ús lân ea mjitten -27.4 graden wie. Yn Winterswyk, it jier 1942. No, dêr laitsje se om yn Verchojansk. Niis wie it in mylde min 35, waar om yn in bloeske de dyk op. It is noch mar oktober, no? Nee, kom yn jannewaris mar wer, dan ha we it der nochris oer. Yn 1892 waard in frisse min 69.8 ûnder nul optekene, Sjoch, dan friest it hynste-iis. Neffens ien as oare deskundige wie der twa graden tefolle notearre, toe dan mar. Gemiddeldwei is it yn jannewaris -47 graden yn Verchojansk, in plak oan de rivier de Jana. Nachts komt der noch in graad as wat by. En simmers? Sa rûn de tritich graden, net faak, mar it komt foar. Dat is sa'n 80 graden ferskil, gjin wûnder dat dy Kozakken sa'n taai folkje wie.

Reacties
Een reactie posten