Sinterklaas, DWDD, de avondspits en it húske.

Ha jim it ek sjoen? Sinterklaas op besite by menear van Nieuwkerk. Mathijs is neffens my oan in lange fakânsje ta. Sa skerp as er oare jierren wie is er al tiden net mear. En dan sinterklaas, och heden wat in beskamsume fertoaning. Op sa'n stuit binne je ûnwennich nei de Avondspits, it bêste radioprogramma ea makke. Op 5 desimber kaam, en dan ha ik oer de 1985 en de jierren dêrnei, steefêst de bêste man tusken seis en sân oere op de radio en makke der in hearlike rotsoai fan. Mar wol rotsoai mei ienich nivo. Juster wie it hielendal neat, Mathijs koe der neat mei wurde en frege op in stuit sels 'Hoe is het met je Michiel?'
Dat dogge jo net. Ik hie ek wol sjoen dat it om Michiel Romeyn gie, ien fan de trije Jiskefetmannen.
Nee, dat koe Frits Spits better, ik hie nea tocht dat ik nochris ûnwennich fan Robert ten Brink wêze soe, mar juster wie it safier.

En no as de bliksum nei it húske, de achtste kear hjoed. Skiterij, net te súnich. 

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen