Efterkeammerkes.
Ik bin bang dat ik it andert op de fraach fan de hear Kramer oan DS wol wit. Hy frege oft it doel hie om mei alternativen te kommen, of dat it kolleezje de saken yn de efterkeammerkes al regele hie. No, Johannes, do wolst graach deputearre wurde, dan moast ek wol witte hoe oft it wurket. Dizze kofjedrinkerij hie mei in bakje nescafe wol ôfdien wurde kinnen. Galema hat yn tsien minuten seis stellings ponearre, folslein oertsjûge fan it eigen gelyk. Sterker noch, we wurde allegearre noch matst, as er werklik útpakt hie? Brrr, dan hienen we ús bergje moatten. Nee, we meie bliid wêze mei dit bestjoer. Alle grutte megalomane dyken en spoarlinen komme der as it oan dit kolleezje leit.
Oar jier binne der ferkiezings, it ienichste poadium wêrop it publyk it ferskil meitsje kin. Dan bliuwe we dus allegearre thús. En mar seure.
Oar jier binne der ferkiezings, it ienichste poadium wêrop it publyk it ferskil meitsje kin. Dan bliuwe we dus allegearre thús. En mar seure.
Reacties
Een reactie posten