Skjin myn nocht fan Firefox

Dizze ikoantsjes sille jim bekend foarkomme. Ynternetbrowsers. Dêr is in soad oer te sizzen, mar ik ha it leafst dat se dogge wat ik wol. Dat wol sizze dat ik rap de side foar my krije wol dy't ik keazen ha. Ek wol ik graach dat de siden dy't ik faak besykje oersichtlik yn in wurkbalke steane. De lêste tiid wurke ik mei Firefox. Op himsels wol prima, allinnich de Ljouwerter krante ferhipte er te iepenjen. Daliks de boel plat. Dus hie ik Chrome delhelle, want dêr wurke dat wol. Op de eftergrûn stie it âlde ikoantsje fan de good-old Internet Explorer der ek noch, mar dy brûkte ik hast net mear, omdat my troch alle nerds ferteld waard dat dy út de tiid, traag en foar âlde minsken wie. Nee, ik moast dochs echt oan de Firefox, Safari of Opera om der by te hearren. No is it sa dat der om dizze tiid hinne 13 skûtsjes efter Snits oan farre, de reden dêrfoar komt grif nochris boppe wetter, mar dy SKS hat in prachtige side. Track and trace sit der ek by. Dan kinne jo fiif min...