It stie al op teletekst, Politie doodt man op Times Square, mar lokkich wienen yn it journaal de live bylden ek te sjen. http://www.youtube.com/watch?v=wecf3GLzhHc Wer in moai foarbyld fan it gastfrije lân dat de USA is. Wat wie der loos? In man siet in joint te smoken, en dat mei net yn Amearika. Doe't in leger oan plysjemannnen him te foet as in âlderwetske posse sûnder hynders efterfolgen, luts de man in gefaarlik wapen. In slachtersmes. Dat stiet fansels yn gjin ferhâlding mei de oermacht oan fjoerwapens, mar sa tinke se yn New York dus net. Doe't de man, ûnder ynfloed fan drugs dus, úthelle nei ien fan de plysjes, skeakelen se him út. Net mei in foarsichtich skot yn de foet, sa as dat hjir dan besocht wurde soe, nee, hy waard gewoan eksekutearre. Jim hearre in salvo dat seis oaljefanten om hals bringe kin. Minsken mei in beheining de deastraf oplizze, ûnder de eagen fan in pear hûndert New Yorkers in ûnder ynfloed ferkearjende man omlizze, se draaie de hân der net foa...