Swart Langstme

foto makke troch Piet Douma It like juster wol in Reboelje reuny yn teater Romein. In soad fan de gesichten dy't ik seach (in jier as wat âlder) mar guon noch mei deselde spikerjas oan. Prachtich. En se ha in moaie jûn hân by de rockoperera Swart Langstme. Bart Kingma en de band ha der in echt spektakel fan makke, dat net in tel ferfeelde. Dat kaam mei troch it treflike fertellen fan it wrede ferhaal oer Bertrand Cantat. René van der Laan die dit mei oertsjûging, wrede wurden en (sabeare) wodka sûpend. It ferhaal is ek wreed, moard, seks, drugs en rock 'n roll. Marius de Boer en de oare bandleden ha der yn de lêste dagen noch in hûd fol wurk fan hân, omdat de platebaas en/of eks bandleden fan Noir Désir it ferhaal oer de moard fan foaroanman Cantat op aktrise Marie Trintignant, dêr't er in stoarmeftige leafdesrelaasje mei hie, leaver net wer yn it nijs ha woenen. Dus moasten fiif nije nûmers skreaun wurde, mar dêr wie neat fan te hearren. It stie as in hûs. Foar i...