Posts

Comfortably Numb as libbensdoel troch de hel dy’t ynternet wurden is

Afbeelding
  Ha jim it gefoel ek wolris dat it hearlik wêze soe om net mear alles te witten? Om komfortabel ferdôve te wêzen? Om net live tsjûge te wêzen fan de delgong fan Europa, Nederlân en de rest fan de beskaving ûnder it kopke ‘dit is progresje’? Om net josels alle dagen ôf te freegjen oft jo besite oan Auschwitz, Auschwitz-Birkenau, Sachsenhausen en it Holocaust monumint fan Peter Eisenman yn Berlyn allegearre neat te betsjutten hie, omdat deselde sentiminten dy’t ûnder it nasjonaal sosjalisme yn de jierren 30 fan de foarrige iuw troch de stêden propagandearre waarden opnij ûnder harren tinne laach stof weihelle binne? It is om moedeleas fan te wurden, om it mar ris sêft út te drukken.   It docht bliken dat der net folle foar nedich is om yn deselde falkûlen te traapjen. De wrâld is dwaande om de omkearde evolúsje mei folle oertsjûging op gong te helpen, sa liket it. As wie der in revolte fan  de Chicxulub-ynslag yn Mexico. Foar de minsken dy’t net witte wat dat krekt wie: in...

Robotmeaner as feilige haven

Afbeelding
 It is hjoed in moaie dei, want niis ha ik offisjeel it gersmeanen fan it jier 2024 op ús hiem as klear ferklearre. Net dat ik dêr in soad oan dien ha, ús robot rêdt him dêrmei. Soms is er even it paad kwyt, mar meastentiids docht er it prima. In jier as wat lyn ha ik de flater makke om it apparaat foar it opromjen mei de hegedrukspuit skjin te meitsjen, mar dat wie gjin goed plan. De monteur hat er de oare maitiid nochal wat wurk fan hân om him wer oan de praat te krijen. Dus moast ik him drûch skjinmeitsje, mei perslucht. Doe't ik de kappe der ôf die om ek in binnenwurk skjin te meitsjen, bliek dat de robot dizze simmer mear taken op him naam hie as allinnich meanen. Yn it motorkompartimint wie in prachtich moai nêst makke dêr't neffens ús in fjildmûs de hiele simmer gebrûk fan makke hat. Oan de restanten fan wat er nei binnen sleept hat meitsje ik op dat der ek jongen yn op de wrâld kaam binne. Dy't dus as yn in buggy in kear as wat yn de wike oer ús hiem riden binne. Du...

Referendum over de Lelylijn

  In het openbare debat op de sociale media worden meningen en stellingen vaak uitvergroot en verdraaid om het eigen gelijk, soms tegen beter weten in, vast te houden. Het is vergelijkbaar met een spelletje dat we vroeger op de basisschool wel eens speelden. Fluister een zin in het oor van wie er naast je zit en laat dat de hele klas door gaan. Je stond versteld van wat er aan de andere kant uiteindelijk van die zin overbleef. Hilariteit alom. Helaas is de humor en hilariteit op de sociale platformen voor een groot gedeelte verdwenen. Dat is heel erg jammer, want we leven in een geweldige tijd waarin we bij wijze van spreken onze problemen binnen een seconde mondiaal kunnen bespreken. Vergelijk dat eens met de tijden van flessenpost en postduif. Het lijkt er op dat ‘we’ de verantwoordelijkheid om de discussie een beetje beschaafd te houden, niet aan kunnen. Een voorbeeld is de Lelylijn. De spoorbaan die door voorstanders hevig wordt gepromoot en waar tegenstanders fel op reag...

HJ Schoo lezing troch Pieter Omtzigt: ‘Net fan de flier op de souder’

Afbeelding
  Op de sosjale media (ja, dat ferhipte, mar tige ynfloedrike en ynformearjende X) kaam ik de link tsjin fan de HJ Schoo lêzing dy’t juster yn Amsterdam útsprutsen waard. Plak fan hanneling: debat sintrum De Rode Hoed, sprekker Pieter Omtzigt. De link stiet ûnderoan dit stikje.   De lêzing duorret in oere en in kertier. Dat is best wol in skoft om de spanningsbôge fêst te hâlden by it gejeuzel fan de gemiddelde politikus, mar Omtzigt is de útsûndering op de regel. Ik ha, omdat ik wol benijd wie nei wat hy te melden hie, fan de need in deugd makke. De fyts út it hok, koptelefoan op en in slach troch it bloedmoaie Fryske plattelân op in hearlike tiisdeitemoarn.   Der wurdt fan Pieter Omtzigt wolris sein dat er labyl wêze soe, net geskikt foar de hurde realiteit fan de Haagse polityk. No, dat is miskien wol sa, mar ik soe jim allegearre oanriede wolle om de lêzing te beharkjen. Jou Omtzigt tiid en romte om syn ferhaal te dwaan en jo begripe folle better wat de man dr...

Links en rjochts

  Links en rjochts   Stadichoan begjin ik my mateleas te ergerjen oan it lân dêr’t wy yn wenje. It lân dêr’t wy alle dagen de foardielen fan in folsleine demokrasy fiere meie, yn relative frijheid. Dat relative kom ik daliks op werom. Sûnt de lêste twa ferkiezings wêryn’t de kiezer in helder antwurd jûn hat op wat se feroare ha wolle, yn alle tinkbere demokratyske frijheid fan it stimhokje, lit it lân him fan syn naarste kant sjen. It alâlde adagium fan it links en rjochts tinken en wêzen hat yn jierren net sa skerp west. Teminsten, dat wolle de politike brallers en razende media/kranten ús leauwe litte.   Mar is dat wol sa? Ik bin nammentlik slim yn betizing. Dat wol ik graach mei in oantal foarbylden taljochtsje.   Ik bin pasifist. Anty oarloch. Bin ik dan links of rjochts? Ik wol graach dat wy goede soarch ha en hâlde. Bin ik dan links of rjochts? Ik wol graach dat de âlderein net troch in robot, mar troch in persoan fersoarge wurdt. Bin ik dan l...

Moai waar fytser (in dramatysk ferhaal)

Afbeelding
It wie hjoed echt waar om in eintsje te fytsen. No ha ik kar út trije soarten. Ien: gewoane fyts, twa: elektryske fyts en trije: racefyts. It leafst pak ik opsje twa, mar ja. Opsje trije, in echte Koga, hinget der mar wat sneu by en kwa kaloryen is dat fansels wol in oanrieder. Meastal liich ik my der wol ûnderút, it waait te hurd, te drok hân en mear fan dy útflechten. Mar hjoed koe ik der as profesjoneel moaiwaar fytser net omhinne, it moast de racefyts wurde. Fytsbroek, shirt, sinnebril, hânskuontjes, flesse wetter, koptelefoan mei Led Zeppelin der op en fuort. Healwei de Burgemeester Falkenawei hjir yn It Feen krige ik it idee dat der wat mei myn rjochter skoech oan de hân wie. Foar de net-fytsers, der sit in soart fan klik systeem ûnder dy skoech, wêrmei’t jo in libbensgefaarlike ferbining mei jo trapers ta stân bringe. Sjoch Youtube der mar op nei, foaral manlju fan boppe de 50 (ik, dus) kinne soms sa fluch net loskomme en miterje dan tige stylfol op de bek. Heup stikken en mea...

Spuit? Do bist in junkie!

Afbeelding
  Myn linker ear siet ticht. Hiel lestich. Jo hearre josels kôgjen en wat der nachts allegearre oan lûden foarby komt, is mei in ear dat ticht sit echt hiel bysûnder. Lokkich wie der yn it kastje fan Klazien uut Zalk noch in earspray. Ik sjoch noait nei hâldberheidsdatums as it op datsoarte guod oankomt, want se binne der altyd fier oerhinne op it stuit dat je se brûke moatte. Ik ha salve út 1999 dy’t noch altyd docht wat er moat as ik him brûk. Earspray dus. Stek yn it ear en druk ien as twa kear. Dat binne by my dus minimaal fjouwer, want it moat al helpe. Nei in heale dei wie ik der sa flau fan, dat ik de douchekop der op setten ha. Gjin resultaat. Dus de folgjende stap soe dan wêze om dokter te beljen.   Op freedtemiddei mei in ear dat ticht sit in dokter berikke. Jo begripe wol dat soks in mission impossible is. Se laitsje jo noch krekt net út, mar in ôfspraak sit der net oan te kommen, sa is it al.   Dus oer nei plan B. Selsbetsjinning. Ik ha meardere kearen...

Friese media voeren koerswijziging door

Afbeelding
  Friese media voeren koerswijziging door   LEEUWARDEN – Het Friese medialandschap gaat op de schop. In een gezamenlijke verklaring brachten de hoofdredacteuren Maarten Pennewaard van de Leeuwarder Courant en Igrid Spijkers van Omrop Fryslân de plannen naar buiten. Belangrijkste wijziging is dat er meer naar nieuws van buiten de stad Leeuwarden zal worden gekeken. Reden is volgens de hoofdredacteuren de sterk afnemende belangstelling voor de twee grootste Friese mediabedrijven. ‘De urgentie om relevant te blijven is daarbij leidend,’ aldus Spijkers. ‘We blijven onszelf continu evalueren en uit de verzamelde data blijkt dat er ook zaken buiten de stad plaatsvinden die door ons opgepikt moeten worden. Dit was voor ons toch wel een eye-opener,’ bekent Pennewaard. De Leeuwarder Courant en Omrop Fryslân gaven studenten van de Rijksuniversiteit Groningen opdracht om de sterk teruglopende aantallen hits op nieuws van zowel de krant als Omrop te onderzoeken. De conclusies liegen...

'Skip the cow'

Afbeelding
  Dat we yn nuvere tiden libje, mei gjin ferrassing mear wêze. De refleks fan de ûnwissigens uteret him ûnder oare yn de ferûnderstelling dat ‘wy’ ynvestearje moatte soenen yn in nije wapenwedrin, nei foarbyld út de kâlde oarloch. Dy dwaze ferûnderstelling hat ús magazinen fol mei nukleêre bommen opsmiten dy’t gjin inkel woltinkend minske nei Hiroshima en Nagasaki ea wer brûke sil. It is in samling fan eangst, in yn it foar al mislearre foarm fan kontrôle sykje, mar hopeleas oanklaud wêze mei de útkomst fan dat krewearjen.   Efkes synysk: Yntiids is de wrâldbefolking tige goed dwaande himsels ûnmooglik te meitsjen, de oantallen Homo Sapiens sil yn in relatyf koart skoft mei 40% tanimme. Fan 2010 oant 2050 komme der 3 miljard hongerige opfretters by, totaal sille der dan rûchwei 10 miljard op dizze earme ierdbol omstappe/ride/fleane/ite/drinke/konsumearje/sporte/fjochtsje/en net te ferjitten nei in lytse 90 jier wer deagean.   Noch even synysk: Dat liket in hiele s...

Russen

Afbeelding
  Dizze wike wie it twa jier lyn dat de oarloch tusken de twa tige oan elkoar besibbe buorfolken Ruslân en Oekraïne begûn. In oarloch dêr’t je fan alles fan fine kinne en ien dy’t spitich genôch noch wolris jierren duorje kin. It liket wol as is de opsje ‘ûnderhannelje’ noch by net ien opkaam, wylst dat fansels de iennichste wei nei in oplossing is.   Hawar. Der binne inkel ferliezers, útsein in soadsje opportunisten dy’t it kredo ‘never waste a good crisis’ ek dizze kear wer as liifspreuk brûke. De ynternasjonale wrâld hie yn ien klap syn âlde trouwe mienskiplike fijân werom, ‘de Russen’. Lekker oersichtlik, sy binne it kwea en wy binne goed. Dat op de nasjonale Nederlânske TV iepenlik sein wurdt dat nijs yn de westerske media krekt like goed yn in bepaalde ‘winsklike rjochting’ stjoerd wurdt as dat se dat fan út it Kremlin dogge, it binne mar rimpels yn de fiver fan de oertsjûging dat wy it morele stopjern útfûn ha.   Tink hjir ris oer nei: Se ha der sels in wur...

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Afbeelding
Justerjûn yn Thialf frege immen my oft ik noch drok oan it skriuwen bin. Ik skodholle en moast tinke oan wat ik dêr oer skreaun ha. Dus eins skriuw ik soms noch wol wat.   De lêste tiid bekrûpt my mear en mear it gefoel dat wy live tsjûge binne fan it begjin fan de omkearde evolúsje. It sil net lang mear duorje, dan binne wy foar in part ôfhinklik fan A.I. omdat it minskdom sels net mear neitinke kin en eins ek net mear de lust hat om dat te dwaan. Reklame op TV ropt: ‘originality is overrated’. Dus orizjinaliteit wurdt oerskatten. Kopiearje is better, sa sizze de hippe marketeers fan Etoro . Mei oare wurden, tinkers, filosofen, frijbûtsers, keunstners en skriuwers dy’t sels mei oplossings komme binne net mear nedich. Nimmen giet der tsjinyn, nimmen klaget ditsoarte bedriuwen oan, alles wurdt mar gewoanwei foar wierheid oannaam. Gjin wûnder dat A.I. net folle tiid nedich ha sil om de toutsjes yn hannen te nimmen. O, A.I. stiet foar Artificial Intelligence, of wol keunstmjitt...

'Ze lachen weer'

Afbeelding
Wy ha twa hinnen en dy moasten nij foer ha. Der is gjin aai sa lekker as dy fan jo eigen hin, want dy krije ek alle grien en bôle dat wy oer ha. Lekkere donkere djerren, dus. Omdat in hinneboer wol wit dat dy bisten net goed oer feroarings kinne, helje ik harren iten altyd by deselde winkel. In winkel dêr’t wy yn corona-tiid gewoan hinne koenen en der gjin deastraf op stie as je gjin kapke foar de snút hienen. In winkel mei gewoane minsken foar gewoane minsken. (Ik wit dat der no al guon tige dogende lêzers razend lilk wurde, mar dat kin my lekker neat ferhippe 😊 )   Goed, hinnefoer.   De dame achter de baly tikke de skea yn op de kompjûter en ik betelle. It is it soarte winkel dêr’t je sels de sek mei biks út it magazyn helje, gewoan omdat jo achten wurde dat je meinimme dêr’t jo foar betelje en net mear. Ik wie nei oanlieding fan de ferkiezings eins wol benijd en frege oan de dame oft se ek ferskil by de klanten fernimme koe tusken no en in wike lyn. Wy rekken yn pe...

Twa petearen op freedtemoarn.

Afbeelding
  Twa petearen   Hjoed hie ik oant no ta twa petearen dy’t ik even mei jim diele wol. Ik sil gjin nammen neame, dêr giet it ek net om, it giet oer de ynhâld. As earste krige ik in telefoantsje fan in dame dy’t my attindearre op eat dat mei myn wurk te krijen hat. Omdat de namme fan de frou my bekend foarkaam, frege ik wêr’t se wenne. Foardat we it wisten wienen wy yn petear oer har bern en al dy frachtweinen fol feefoer dy’t ik foar harren laden hie doe’t ik noch yn Snits wurke by wat doe Koudijs Wouda hjitte. Op myn fraach hoe’t de bern de hjoeddeistige konjunktuer yn de lânbou en de polityk belibben, kaam in ferbittere antwurd. Generaasjes hurd wurkjende minsken wurde mei in pinnestreek omtsjoene ta net mear winske. Se neamde in foarbyld, lisbatterijen binne hjir al jierren ferbean. Wat de griene tsjerke net wit, of net witte wol, is dat der massaal aaien út oare lannen ynfierd wurde, dy’t dêr produsearre wurde yn: Jim riede it al. Grutte kâns dat de meast fanatike tsj...

Hongerwinter

Afbeelding
  Sneontemoarn. Bûtendoar is it in graad as seis, mar neffens de berjochten sil it in bytsje winterich wurde. Dat is moai, want dan kinne we wer wat fleuriger gesichten sjen yn dizze djiptryste perioade. Juster spruts ik mei immen dy’t fan bern ôf oan sjoernalist wurde woe en it ek wurden is. Op myn fraach oft er noch wolris nei syn âlde baas harke, wie it antwurd nee. ‘Oars wurd ik lilk en dat ha ik der net foar oer.’ It die my tinken oan it beslút dat ik in jier as wat lyn ek naam ha. Gjin talkshows mear, gjin jeuzeljende randstedelijke D66 NPO radio-babbelboksen. Fan de âld baas fan de sjoernalist hie ik yn 2017 al ôfskie naam. Ik ha in eed ôflein om nea te sizzen wêrom, dus dat doch ik ek net.   Mar as ik sa troch de wike wat om my hinne freegje, bin ik net de iennichste dy’t de brui der oan jûn hat. Sterker, ik moat stadichoan myn bêst dwaan om noch guon te finen dy’t noch wol de muoite nimme. De koers fan wat ea fielde as ‘fan ús’ is ferwurden ta in platprogramearre br...

Wêr is de humor yn Fryslân bleaun?

Afbeelding
  It wie oan de ein fan in waarme middei yn de neisimmer doe’t myn frou en ik fan it strân nei ús hotelkeamer rûnen. Flak foar it doarp stie oan de rjochterkant op in parkearplak in feesttinte. Doe’t wy der del kuieren, hearden wy it kraaiende lûd fan in frou dy’t hast net mear bykaam fan it laitsjen. It wurket mei laitsjen sa dat as je ien laitsjen hearre, josels faak ek in glimke net ûnderdrukke kinne. Sjoch mar ris nei filmkes fan laitsjende lytse poppen, it duorret mar even en jo laitsje mei. Dizze feesttinte stie oan de râne fan Nes, op it Amelân. It ûnmiskenbere stimlûd fan Lytse Teake wie troch de boksen te hearren en de oanwêzigen koenen syn humoristyske sketsjes wol wurdearje, ôfgeand op de respons. Humor as doel fan in moaie neimiddei. Kom dêr yn it tsjintwurdige Fryslân mar ris om. Is der noch humor yn Fryslân? Eartiids hienen je Akke Radsma, Rients Gratama en Lytse Teake dy’t de sealen yn de provinsje bespilen. Platspilen, moat ik sizze. Mei humor. Simpele humor, me...