'Skip the cow'

 


Dat we yn nuvere tiden libje, mei gjin ferrassing mear wêze. De refleks fan de ûnwissigens uteret him ûnder oare yn de ferûnderstelling dat ‘wy’ ynvestearje moatte soenen yn in nije wapenwedrin, nei foarbyld út de kâlde oarloch. Dy dwaze ferûnderstelling hat ús magazinen fol mei nukleêre bommen opsmiten dy’t gjin inkel woltinkend minske nei Hiroshima en Nagasaki ea wer brûke sil. It is in samling fan eangst, in yn it foar al mislearre foarm fan kontrôle sykje, mar hopeleas oanklaud wêze mei de útkomst fan dat krewearjen.

 

Efkes synysk: Yntiids is de wrâldbefolking tige goed dwaande himsels ûnmooglik te meitsjen, de oantallen Homo Sapiens sil yn in relatyf koart skoft mei 40% tanimme. Fan 2010 oant 2050 komme der 3 miljard hongerige opfretters by, totaal sille der dan rûchwei 10 miljard op dizze earme ierdbol omstappe/ride/fleane/ite/drinke/konsumearje/sporte/fjochtsje/en net te ferjitten nei in lytse 90 jier wer deagean.

 

Noch even synysk: Dat liket in hiele soad om ûnder de tûme te hâlden. Lokkich binne ús folksfertsjintwurdigers drok dwaande om dêr in wapen tsjin te ûntwikkeljen, de macht oer it iten en drinken dat beskikber is. Dat sil yn de takomst it machtichste wapen blike te wêzen, dêr kin sels Oppenheimer syn boartersark net oan tippe. De ultime kontrôle oer de waaksende befolking sil wêze wat der te iten en te drinken is. It klinkt miskien wreed, dat is it ek. De hjoeddeistige bestjoerders sille it yn alle toanaarden ûntkenne, mar ja. Rutte soe nei syn premierskip learaar wurde, sei er mear as ien kear. Dêr kinne je dus net echt op oan.

 

Yn in Nederlân, dat spitigernôch hopeleas polarisearret, is der ek wol ien en oar dat oandacht nedich hat. De resinte skiednis wiist út dat hjir yn dit miny lân, dizze stip op de wrâldkaart, in oantal wrâlden bestean dy’t folslein parallel neist elkoar rinne. Alle opmerkings dat der gjin sprake wêze soe fan in ‘kloof’ kinne daliks de kliko yn, want der is in skala oan ‘kloven’ dy’t like djip binne as de Grand Canyon en miskien noch wol djipper.

 

Ien foarbyld: ‘Skip the cow’

 

Fyts op in moaie maitiidsdei ris in slach oer it fenomenaal moaie Fryske plattelân en jim sille begripe hoe fier Appie Heijn syn media-team fan de normale wrâld ôf operearret. It grutte probleem sit him yn it net mear begripen fan elkoars wrâld. Fan it net mear op de hichte wêzen mei de skiednis en dêr ek net mear de wearde fan ynsjen, inkel drok wêze mei de platte waan fan de dei en miene dat de influencers op TikTok en Instagram jo echt wat te sizzen ha. Mei dat koartsichtige wrâldbyld giet it fout. Dan kinne Joaden útskolden wurde by de iepening fan in breanedich museum, redakteuren de wapenwedrin goedprate yn kommentaren yn in Fryske (no, ja, Fryske...) krante. En in ultra moderne agraryske sektor (dy’t wy yn 2050 mear nedich ha sille as ea) troch de polityk, media en de minsken oan de oare kant fan de ‘kloof’ yn in kwea deiljocht setten wurde. Troch net mear te witten of net mear witte te wollen wat der yn de hongerwinter barde, troch te tinken dat je oeral op de wrâld kwalitatyf like goed lânbou bedriuwe kinne as hjir. Dat falske frame, dy oerdomme misfetting, komt it minskdom djoer te stean as der net ferstannige minken op de korrekte plakken oansteld wurde.

 

Alles begjint mei ûnderwiis, dat is myn oertsjûging. Lit in nij kabinet dêr fol op ynsette.

 

  

          

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen