Russen
Dizze wike wie it twa jier lyn dat de oarloch tusken de twa tige oan elkoar besibbe buorfolken Ruslân en Oekraïne begûn. In oarloch dêr’t je fan alles fan fine kinne en ien dy’t spitich genôch noch wolris jierren duorje kin. It liket wol as is de opsje ‘ûnderhannelje’ noch by net ien opkaam, wylst dat fansels de iennichste wei nei in oplossing is.
Hawar.
Der binne inkel ferliezers, útsein in soadsje opportunisten dy’t it kredo
‘never waste a good crisis’ ek dizze kear wer as liifspreuk brûke. De ynternasjonale
wrâld hie yn ien klap syn âlde trouwe mienskiplike fijân werom, ‘de Russen’.
Lekker oersichtlik, sy binne it kwea en wy binne goed. Dat op de nasjonale Nederlânske
TV iepenlik sein wurdt dat nijs yn de westerske media krekt like goed yn in
bepaalde ‘winsklike rjochting’ stjoerd wurdt as dat se dat fan út it Kremlin
dogge, it binne mar rimpels yn de fiver fan de oertsjûging dat wy it morele stopjern
útfûn ha.
Tink
hjir ris oer nei: Se ha der sels in wurktitel foar: Informatie Operatie. Best wat om bang foar te wurden, liket my.
Ien
fan de refleksen dy’t in oarloch mei him meibringt, is dat der sanksjes komme.
Ekonomyske, mar ek sportive. It is foar it gros fan de Russyske en Wyt-Russyske
sporters net tastien om yn ynternasjonaal ferbân oan wedstriden mei te dwaan. Oer
dit aspekt wol ik it even ha. Yn dizze maatregels leit nammentlik de hypokrisy sa
dúdlik oan it oerflak, dat it om te janken is.
Wêr
leit de grins fan wat ‘betamelijk’ is en wêr nimt de twadde algemiene refleks
it oer? Dy twadde refleks (dy’t eins de earste is) giet oer jild. Belangen.
Kontrakten. Sponsors. Ik sil jim in oantal foarbylden neame.
Yn
alle ynternasjonale (winter)sporten dy’t jo op TV sjogge, binne Russen en
Wyt-Russen útsletten. Mar George Orwell sei al (hoe tapaslik yn dit ferbân) dat
de hypokrisy fan de bestjoerlike elite somtiden gjin grinzen kin. Wylst grutte
sportive dreamen fan jonge, talintfolle Russyske en Wyt-Russyske reedriders,
biatleten, skyers, bobsliders en wit ik hokker oare sporten ik neame moat troch
in oarloch oan gruzeleminten slein wurde, is der ek in oare kategory.
Yn
ús grutste bûnsgenoat, sa as de westerske polityk de USA noch altyd graach
flaaiket, is mar ien baas. En dat is dy twadde refleks. Jild, belangen
oangeande jild, kontrakten en sponsors (franchise). Wylst de atleten yn Ruslân
harren fermeitsje moatte mei ûnderlinge wedstriden, of nei it front stjoerd
wurde, is der yn de heechste kompetysje iishockey yn de USA en Kanada allinnich
al noch altyd in 60-tal Russyske spilers aktyf. Se binne alle dagen te sjen. Dy
spilers ha kontrakten dêr’t in gemiddelde Nederlânske KKD fuotbalklup in jier
as wat de begrutting mei rûn krije kinne. Topspilers slute langjierrige deals
dêr’t samar 50 oan 80 miljoen dollar mei anneks is. Foar ien spiler, mind you.
Hearre
jim protesten oer it dielnimmen fan dizze spilers oan de NHL? Hat de EU it
morele wiisfingerke hjir oer al rjochting Biden en Trudeau opstutsen?
Noch
in foarbyld is de ITF. De ynternasjonale tennis federaasje. Yn de top fiif fan
de manlju steane twa Russen. Medvedev en Roeblev. Fantastyske spilers, mar
Russen. Sy spylje oeral, wylst harren lângenoaten dy’t yn teamsporten aktearje nergens
wolkom binne. Yn de top 20 by de froulju stiet Australysk Open winner Aryna
Sabalenka op plakje twa. Sy komt út Wyt-Ruslân. Der stean noch fjouwer spylsters
yn dy top 20 út de lannen dêr’t de ynternasjonale sportwrâld in boykot tsjin
ynsteld hat. Mar as der miljoenen oan dollars yn it spul komme: ‘All animals
are equal, but some are more equal than others’.
Pleitsje
ik hjir no foar útsluten fan dizze atleten? Nee. Ik gun eltse sporter syn en
har grutte dreamen. Mar ik woe jim allinnich even wize op it feit dat der in
soad maten binne dêr’t mei mjitten wurdt as der grutte belangen yn it spul
komme. En dat der hooplik rap in dialooch op gong komt om in ein oan dy oarloch
te meitsjen sa dat de Russyske en Wyt-Russyske sporters harren dreamen wer útkomme
litte kinne. Want yn de basis binne all animals echt hartstikke equal.
Reacties
Een reactie posten