Openbaring van Johannes
It is hjir kompleet oarloch om 'e doar, minsken. Fjouwer woeste hearen leverje swiere gefjochten om de geunst fan in kreaze dame. Sa is it en sa hat it altyd al west. Nachts krije wy gjin wink yn 'e eagen, deis giet de kreauwerij gewoan troch, it is in wûnder hoe 'n bytsje sliep jo nedich ha as de leafde yn it spul is, dan sweve jo op in rôze wolk, sa't it skynt. It is nachts krekt as binne wy hjir neffens de iepenbiering fan Johannes, haadstik 20 it 11e fers, yn de 'buitenste duisternis' belâne, dêr't it 'geween en knarsen der tanden' is. Allinnich komt dat geween oerien mei in jammerjende bigge, of in falske heavy metal gitaar, hoe dan ek, it is net om oan te hearren. Moarns doch ik earst de auto oan, net omdat soks moat, mar dan krij ik in pear wanten út de kabine, omdat it hiele hok ûnder de boarremiich sit, it hea der op ta. Nuver, de lângeiten sjogge der net oars fan, en kôgje fleurich troch de stank hinne. Ik soe der fan koarje, de lêste k...