Telstar út, altyd lestich

 

As je sa ris wat troch de Britske fuotbaltabellen scrolle, komme jo wolris in team tsjin wêrfan't je tinke: o ja, dy binne der ek noch.
Nim no de fuotbalstêd Sheffield. Sheffield Wednesday is it drama fan Hillsborough, wêrby op 15 april 1989 96 minsken deadrukt waarden ûnder de heale finale fan de FA cup tsjin Liverpool, nea hielendal te boppen kaam, en fuotballet anonym yn it Championship, de eerste divisie fan Ingelân. Slimmer noch is Sheffield United, dat yn de League One balskopt. De topklasse, sis mar. Ea beide Premier Leaugue klups. It kin dus wol, pas mar op.

Noch in foarbyld fan sa'n feriening: Coventry FC. Doe't ik noch jong wie, ahum, net wei te tinken út de Premier League. Se wûnen nea wat, mar altyd krekt boppe de degradaasjestreek eindigje. Alle jierren wer. Fan 1967 oant it jier 2000 fêste wearde yn de heechste divyzje. Bêste einklassearring: 6e, yn it seisoen 1969-1970.
Yn 2000 miteren se de ellinde fan de Championship yn, en bleaunen ek dêr in grize mûs. Nea heger kaam as it 8e plak. Mar wol in nij stadion krigen, yn 2005. It âlde fertroude Highfield Road omruile foar in '13 in een dozijn' bak mei de namme fan de haadsponsor. De Rico Arena. De teloargong ten top.

As straf foar it net respektearjen fan harren ferline binne se ferline jier degradearre, en swalkje no yn League One om. Op dit stuit stean se sânde, de histoarje seit dat it dêr ek wol by bliuwe sil. Se meie no op besite by de âldste fuotbalklup fan de wrâld, Notts County.

Telstar út, altyd lestich...

De smoarge media-oarloch dy't op dit stuit troch ús korrupsje frije Fryslân jaget, giet folle djipper as dat de 24.000 hup-hup roppers yn it Abe Lenstra Stadion witte.
Riemer van der Velde de swarte piet taspylje sa as Pim Gaanderse die, liket op fleanen. It haadredaksje kommentaar fan de Ljouwerter snie juster folle mear hout. Ynsjoch yn histoarje en kultuer fan de SC Hearrenfean is no breanoadich yn de lieding fan de SC.

Wio Joustra sloech de spiker op de kop. It is foar him te hoopjen dat de hjoeddeistige foarsitter it net lêzen hat, oars koe er wolris by de LC op besite komme om him it mannewaar op te sizzen. Dy nare eigenskip hat er nammentlik. De klus is klear, mar it ego wol noch gjin ôfskie nimme.  

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen