Oer de helte!!!

 

It is hjoed wat nuver, ik ha der in dûbel gefoel oer. Net omdat it myn jierdei is, dy komt alle jierren wer, mar ik bin oer de helte.

Dat moatte jim net al te dramatysk útlizze, hear. It sit sa, ik bin mei in jier as tweintich oan it wurk gien. Dom fansels, mar ik hie doe it idee dat ik jild om hannen ha woe. Klear, dat kinne jo net oerdwaan.
De positive kant oan dit ferhaal is, as se dêr yn Den Haag teminsten harren fatsoen hâlde, dat ik oer de helte bin. As jo 44-20 dogge, is helder dat ik no 24 jier oan it wurk bin. 67-44=23. Dus ik moat noch 23 jier wurkje, dan hoopje ik dat der noch wat oer is foar in 'Zelfstandige Zonder Pensioen' lykas my.

Eigenaardich, al 24 jier. Fan keukens en haarden, fia tsiis, bûter, poeier, gemeente Blunderhim, blikfbryk, margerine, sondeerauto's, feefoer, twongen sabbatical nei lytse selsstannige. En dat lêste no al wer tsien jier. It giet der om wei.

Jim ha wol troch, fan hjoed ôf bin ik oan it ôfbouwen. Dêr doch ik dan in jier as 23 oer. Hoopje ik. 


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen