Pim Gaanderse: Ophokplicht voor Riemer van der Velde

 

Pim Gaanderse hat yn de LC efkes fertelt hoe't Riemer van der Velde geastlik ynmekoar stekt.

Gaanderse, hy neamt himsels ynterim manager, dat is itselde as de samling grutste ynklauwers fan dizze tiid, basearret him op in stokâld wurk út 1979 fan in prefester dy't Ichak Adizes hjit. Ik ha de man efkes googele: Dr. Ichak Adizes (born October 22, 1937) is one of the world's leading experts on improving the performance of business and government through fundamental change.

Mei oare wurden: ús prefester is in iiskâlde, snoeihurde keardel, dy't in boekje oer modern management skreaun hat. Yn 1979. Dizze Einstein wist doe al dat we yn 2013 mei graaiers lykas Robert Veenstra te krijen ha soenen, sterker, sokken binne neffens Pim Gaanderse it foarbyld fan hoe't it no moat.

Teminsten, as jo it referaat fan de ynterim manager (ynklauwer) Gaanderse leauwe meie. Want hy faget neffens it model fan prefester Adizes de flier oan mei Riemer van der Velde. In selfmade man, dy't mear ferstân fan mei minsken omgean hat, as dat prefester Adizes en Pim (ynterim ynklauwer) Gaanderse yn harren dreamen ea krije sille.

Gaanderse neamt Riemer in 'Iensume Wolf', nei in boekje fan de prefester. Hy beskuldiget him der fan dat er mei help fan in 'verbijsterende hoeveelheid mensen' de klup dy't er ea opboud hat, dwaande is ôf te brekken. 

Gaanderse hat de diagnoaze klear: 'Voor zo'n desperado zou een geestelijke ophokplicht niet verkeerd zijn'. Was getekend, Pim Gaanderse. Ynterim ynklauwer fan berop.

Gaanderse is de wei kwyt. Krekt as de prefester syn blaudruk, dy't net mear fan dizze tiid is. Dy 'verbijsterende hoeveelheid' minsken dêr't ús ynklauwer it oer hat, binne klupminsken, hear Gaanderse. Minsken dy't 25 jier lyn ek al op de tribune sieten, yn min waar, tsjin Telstar, foar 2500 man. Datsoarte minsken, hear Gaanderse.

It soarte minsken dat earne in hert en in gefoel by hat. En him as har net liede lit troch in boekje fan ien as oare prefester. Minsken dy't mei beide poaten op de grûn steane, en net mei beide poaten yn de bak mei (mienskips)jild dat se neffens it model fan de prefester in oar ûntfytmanne ha.

Mar jo komme grif net geregeld mei datsoarte minsken yn oanrekking. Jo hâlde jo leaver op yn de moderne managers rûntes, dêr't in kantoar ferbouwe foar €85.000 hiel gewoan is, lykas de ergonomyske stoel fan €3000.  


 



Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen