Fan Kleine Huisjes oant Hongerige Wolf




Om ús ta te rieden op it yn eare herstellen fan Grut Fryslân, ha wy hjoed efkes op ekskurzje west. Jo moatte der op klear wêze, no?

Wy ha it noardlike part fan wat no noch Grinslân hjit yn kaart brocht. No, dêr binne jo gau klear mei. Ien grutte iepen flakte mei hjir en dêr in dearinnende dyk nei in pleats, al as net bewenne. Ik kin my goed yntinke dat de gemiddelde Grinslanner dy't dêr tahâlde moat, sa depessyf as in swart ferve doar is.

Wy binne oer Wehe den Hoorn rjochting Kleine Huisje riden, en doe sa ticht mooglik by de kust del. Op in gegeven momint bedarren wy yn Noordpolderzijl. Dêr stiet in kafee, ticht fansels. Alles yn it noarden fan Grins is ticht op in tiisdei yn de maitiidsfakânsje. Dearinnende diken en neat iepen. In tige oanloklik gea.
Myn doel wie om in slach troch de Eemshaven te dwaan, en dat is ek slagge. Dêr libbet it noch wol wat, alhoewol je dêr ek wol in kûgel oer de dyk sjitte kinne. Wy bedarren yn de wachtromte fan de boat nei Borkum. Dêr siet in aardich frommiske efter de baly, bliid dat der ris wat oanspraak wie. Wy ha wat boekjeguod meikrigen. 

It lêste ein wie fan Weiwerd oant de dyk gewoan net fierder by de seedyk del giet, by Hongerige Wolf. Wat in treasteleaze flakte. Ik leau dat we ien auto tsjinkaam binne. Mar goed ek, want jo kinne elkoar dêr dus net foarby. Hoecht ek net, der is nimmen. As der al ien op in hiem omskarrele, seach dy as seach er wetter baarnen. 'Een autho!!! (ja)'

Doe't wy wer oer de grins kamen, by de ôfslach Fryskepeallen, wie it my wol helder. Lit it mar moai sa't it is. Wy wolle dy neare flakte der net iens by ha. In seedyk oer in hôf hinne lizze en der ek noch grutsk op wêze? Lit mar.

    

Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen