Paus Corruptus Sexus de Eerste

Elts lân krijt it regear dat it fertsjinnet. Dat wurdt wolris sein. Ik bin it dêr net mei iens, want neffens my wurde wy troch ús regear kapot besunige en krije wy mei 16 miljoen minsken in trochrinnende kursus doemdenken. Kosten: hegere belesting. Wy drave mar wat efter dit belied oan, want it is it iennichste dat der op dit stuit is. Wat in earmoed.

It kin noch slimmer, yn Italië binne se mei in operette dwaande. 'It lân en de dwazen',  soe in titel wêze kinne. Dat der noch altyd minsken op Berlusconi stimd ha? It mei wol sa wêze dat der oars neat, mar dan ek hielendal neat foarhannen wie.
As in komyk as Beppe Grillo út it neat op it tredde plak komt mei syn protestpartij 5 Sterren Beweging, rûn de 20% fan de stimmen krige er, docht it je daliks oan de LPF en de klup fan Wilders tinken. Totale bestjoerlike gaos yn in lân dat dochs al net ûnder de rook fan korrupsje wei komme kin. Neffens my wriuwe de maffiosi harren yn 'e hannen, disoarder is foar harren in rotsjend lyk foar in blauwe mig.

Se moatte oars al sjen dat se de boel op oarder krije, oars wurdt Brussel lilk. En onze lieve Heer wennet hjoeddedei yn Brussel.

Wy ha hjir Ronald Plasterk mei syn amtners. Ha wy dat fertsjinne? Neffens in ferneamde Fryske kollumnist seit dy minister geweldige dingen, dat mei sa wêze, mar dan hat er it grif net oer Fryslân.

As in minister der net yn slagget syn amtners de mûle te snoeren mei harren oerdwealske grut grutter grutst tinken, liket er my net de baas, mar in loopjonge. En dat skermjen mei dat it kosten besparret is troch ekonomen al lang nei de Fabeltjeskrant ferwiisd.

It is oars wol nijsgjirrich om de fraach del te lizzen wat der mei it ljipaaisykjen barre sil, mocht der in Noardlik Lânsdiel komme. Mei it dan yn 'voormalig' Grins en Drinte ek? Of wurde foar datsoarte opstigings de grinzen wer efkes sletten?

No ja. Yn it ramt fan flauwekulpraat: Foar Berlusconi wit ik wol in baantsje, hy hat de leeftyd der foar. Paus Corruptus Sexus de Eerste liket my wol in geskikte namme.


Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen