Dakpanne

De maitiid koe my wol yn de kop sitte. It skriuwhokje rûkt nei skjinmakkerijguod. Dat is grif gjin geef Frysk, mar jim snappe it wol. Dus it bloch is wat oan de lette kant, mar dat is net slim.
Hjoed ek noch tasein dat ik in ferhaal foar it projekt Foarlêzen yn de soarch skriuwe sil. Dat ha ik in jier as wat lyn ek dien, en ha doe nei De Gerdyk west te foarlêzen. It swit rûn my doe by de rêch omheech, want it wie sawat 25 graden bûtendoar, mar der mocht gjin rútsje iepen, dat siicht, no?

Hawar, it kantoarke opnij ynrjochte, it stof rûchwei fuort en foar it earst ha ik myn dakpanne ophong. Dakpanne ophong? Jawis. Wy ha as bern neffens my allegearre in dakpanne fan heit en mem krigen. Jim sille dat grif nuver fine, wy net. Neist de pleats yn It Wâld stie in âld bûten, eartiids fan de adel. Pauwenburg. Dat wie sa gammel dat wy it sloopt ha, mar in pear dakpannen ha wy efteroer drukt. Omdat se sa prachtich fan foarm binne. Guon minsken brûkten se as nammeplaatsje by de foardoar. Reade plakletters der op, as it my net mist.




Reacties

Populaire posts van deze blog

Friese media voeren koerswijziging door

Artificial Intelligence brûke as moreel kompas

Russen